Oekraynske delegaasje op besite yn Opsterlân

Fan 23 juny oant 5 july sil de gemeente Opsterlân twa fertsjintwurdigers ûntfange út Nedryhailiv, Oekraïne. It besyk sil plakfine binnen it Europeeske útwikselingsprogramma TIPS4UA (Training and Internship Programme Support for Ukrainian Municipalities), dat rjochte is op it dielen fan kennis en it fersterkjen fan de bestjoerlike kapasiteit fan Oekraynske gemeenten.

Delegaasje

De delegaasje bestiet út de boargemaster fan Nedryhailyv en it haad fan 'e ôfdieling Wenjen en Iepenbiere Wurken. Tidens harren ferbliuw sille se kennis meitsje mei de lokale oerheid en ferskate sosjale en iepenbiere organisaasjes yn Opsterlân en Friesland.

In breed programma

It programma omfettet gearkomsten mei it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, wurkbesites oan organisaasjes lykas Maatwurk, Wetterskip Fryslân, Omrin, Revalidatie Friesland en Caparis, en in presintaasje tidens in gearkomste fan de Feriening Friese Gemeenten (VFG). Derneist wurdt omtinken jûn oan partisipaasje, duorsumens, jongereinwurk en ynnovative gemeentlike projekten.

Gearwurking

De gearwurking tusken Nedryhailiv en Opsterlân giet al in lange tiid werom. Fanút Opsterlân binne ferskate kearen helpfoarrieden nei Nedryhailiv stjoerd. It plak leit yn 'e regio Sumy. 

It kontakt ûntstie út dielde wearden om lokale demokrasy en sosjale ûntwikkeling hinne, en biedt kânsen foar ûnderlinge ynspiraasje en stipe. Op dizze wize kin de gemeente Opsterlân leare fan de ferskate foarmen fan krisisbehear dy't troch Nedryhailiv tapast wurde. Wethâlder Rob Jonkman: "It is wichtich om Oekraynske gemeenten te stypjen. Troch kennis te dielen en yn dialooch te gean, bouwe wy duorsume relaasjes op en drage wy by oan de weropbou fan Oekraïne. Yn it proses leare wy sels ek in soad."

It besyk is in folgjende stap yn 'e groeiende relaasje tusken Opsterlân en Nedryhailiv en ûnderstreket it belang fan Jeropeeske solidariteit en gearwurking op lokaal nivo.

Mear nijs

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân