Gorredijk - Wurk oan rioel
Boubedriuw Witteveen wurket yn opdracht fan ús gemeente oan it rioel yn de Geert van der Zwaagstrjitte en Rindert van Zinderen Bakkerstrjitte.
Fan 16 oant en mei 27 juny wurkje se ek op de krusing Molenwal – Rindert van Zinderen Bakkerstrjitte.
Yn dy perioade sil de Molenwal tydlik gjin ienrjochtingswei mear wêze, mar in dyk mei ferkear yn beide rjochtingen.

Yn de tekening sjogge jo:
- it ôfsletten diel fan 'e dyk
- de Molenwal as in tydlike twarichtingswei (yn grien)