Belesting foar ôffalferwurking
De gemeente sammelet wykliks ôffal op by alle húshâldens fia Omrin. Jo betelje ôffalophel- en ferwurkingskosten foar dizze tsjinst, sels as jo jo ôffal noait kwytreitsje.
Diftar
Opsterlân wurket mei differinsjearre tariven, ek wol diftar neamd. Dat betsjut dat net elkenien likefolle ôffalstoffenheffing betellet. De hichte fan de ôffalstoffenheffing wurdt foar in part bepaald troch it oantal kear dat jo kontener leechmakke is.

Diftar
Opsterlân wurket mei differinsjearre tariven, ek wol diftar neamd. Dat betsjut dat net elkenien likefolle ôffalstoffenheffing betellet. De hichte fan de ôffalstoffenheffing wurdt foar in part bepaald troch it oantal kear dat jo kontener leechmakke is.
Tariven
Fêst taryf
It fêste diel fan de ôffalstoffenheffing betellet elkenien. As jo ferhúzje nei in oare gemeente, krije jo it jild werom fan de moannen dy't jo net mear yn Opsterlân wenje.
It fêste taryf per perseel bedraacht € 168,00 euro.
Fariabel taryf
It fariabele diel fan de ôffalstoffenheffing betelje jo as jo yn in ‘normale’ wenning wenje (leechbou) of yn heechbou (appartemint) dêr't in ûndergrûnske sammelcontainer mei passysteem is. Jo betelje dan per kear dat wy jo grize of griene kontener leechmeitsje of per kear dat jo in sek yn de kontener smite.
| Soarte | 2025 |
|---|---|
| grize kontener (sortibak) 240 liter | € 6,75 |
| griene kontener (biobak) 240 liter | € 0,50 |
| ôffalzak fan 40 oant 60 liter (ûndergrûnske ôffalkontener) | € 1,35 |
| kontener foar âld papier | € 0,00 |
Fêst-fariabel taryf
It fêst-fariabel diel fan de ôffalstoffenheffing betelje jo as jo yn in flat of appartemintekompleks wenje mei meardere wenlagen (heechbou) en gebrûk meitsje fan in mienskiplike kontener.
- Ienpersoanshúshâlden € 43,75
- Mearpersoanshúshâlding € 84,00
It fêste en fêst-fariabele taryf fan de ôffalstoffenheffing steane op de belestingaanslach dy't jo jierliks ûntfange yn febrewaris. Teffens wurde alle kontenerleegingen fan it foargeande jier yn één kear oplein.
As jo in ynkommen op bystânsnivo hawwe, dan kinne jo kwytskelding fan de gemeentlike belestingen oanfreegje. Jo hoege dan mar in part of hielendal gjin gemeentlike belestingen te beteljen. Foar it fariabele part, oftewol de kontenerliddigingen, jildt in maksimum kwytskeldingsbedrach fan € 75,00 euro.
Koarting op de ôffalstoffenheffing
Troch sykte of in oandwaning kin mear ôffal ûntstean as gemiddeld, bygelyks as jo ynkontininsjepasjint, stomapasjint of nierpasjint binne. Jo moatte dan faker jo kontener leechmeitsje litte. Yn sa'n gefal kinne jo € 45,00 euro koarting krije op it fêste diel fan jo ôffalstoffenheffing. Hjirfoar hawwe jo in medyske ferklearring fan in dokter nedich.
Kontakt ôffalstoffeheffing
Hawwe jo fragen of wolle jo mear ynformaasje oer de ôffalstoffenheffing?
