Rioelbelesting

Is jo wenning direkt of yndirekt oansluten op it gemeentlike rioel? Dan betelje jo rioelheffing. Ek foar it ynsammeljen en ôffieren fan himel- en grûnwetter op gemeentlik eigendom betelje jo rioelheffing. It jild dat de gemeente fia dizze belesting ûntfangt, brûke wy foar it ûnderhâld fan it rioel. Wy meitsje by rioelheffing ûnderskied tusken woningen en net-woningen (bedriuwspannen).

Rioelheffing foar wenningen

As brûker fan in wenning moatte jo rioelheffing betelje. Foar de hichte fan it bedrach is it wichtich oft jo allinnich of mei mear minsken wenje.

  • Ienpersoanshúshâlden € 197,00
  • Mearpersoanshúshâlding € 259,00

Rioelheffing foar net-wenningen

Ek net-wenten kinne direkt of yndirekt oansluten wêze op it gemeentlike rioel. Yn de measte gefallen binne dat bedriuwen. De hoemannichte ôffalwetter of rein dy't fia it rioel of gemeentlik eigendom ôffierd wurdt (lost ôffalwetter per m3) is wichtich foar de hichte fan it bedrach. As jo gebou foar 70% of mear út wenning bestiet, betelje jo allinnich rioelheffing foar wenten. Sa net, dan betelje jo rioelheffing foar net-wenten. 

  • 0 - 100 m3: € 184,00
  • 101 - 500 m3: € 270,00
  • 501 - 1.000 m3: € 356,00
  • 1.001 - 2.000 m3: € 607,00
  • 2.001 - 5.000 m3: € 1.109,00
  • 5.001 - 10.000 m3: € 1.948,00
  • 10.001 - 25.000 m3: € 4.292,00
  • 25.001 - 50.000 m3: € 8.144,00
  • mear dan 50.0000 m3: € 13.503,00

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân