Bewiis fan yn libben wêzen
Guon pensioenfûnsen of oare útkearingsynstânsjes freegje om in bewiis fan yn libben wêzen. Hawwe jo dit nedich? Freegje dan by de gemeente in úttreksel út de basisregistraasje persoansgegevens (BRP) oan. Dêrmei bewize jo dat jo yn libben binne. Jou wol oan wêrom't jo it úttreksel nedich hawwe.

Jo kinne it úttreksel online oanfreegje. Jo kinne ek delkomme by it Publykssintrum. Nim dan in jildich legitimaasjebewiis mei.
Betingsten
- Jo kinne in bewiis fan yn libben wêzen allinnich oanfreegje by de gemeente dêr't jo ynskreaun steane.
- Jo kinne it bewiis foar josels of foar in direkt famyljelid (bern, âlder, echtgenoat) oanfreegje.
Kosten
| Soarte | Priis |
|---|---|
| Bewiis fan yn libben wêzen | € 8,20 |
