Adri de Boer earste gemeentedichter fan Opsterlân

Adri de Boer (1956) fan Lippenhuzen is troch de sjuery keazen as ús alder earste gemeentedichter. De kommende twa jier skriuwt hy gedichten foar Opsterlân. De bekendmakking fûn plak yn de Tropyske Kas yn Beetstersweach tidens de Museumnacht.

Seis ynwenners stjoerden in gedicht yn

Yn totaal hawwe seis ynwenners in gedicht ynstjoerd. Sy kamen út:

  • Beetstersweach (Josina van den Berg – Van der Kooi)
  • De Gordyk (Ivar de Jonge en Gerard Rooker)
  • Langezwaach (Froukje de Haan)
  • Lippenhuzen (Adri de Boer)
  • Terwispel (Anna Maria de Jong)

De measte kandidaten wiene oanwêzich by de feestlike bekendmakking yn de Tropyske Kas. De kas wie spesjaal foar de Museumnacht moai ferljochte. Wethâlder Libbe de Vries, dy't ek yn de sjuery siet, makke de winner bekend. Adri de Boer krige de spesjale sulveren dichterspin fan Opsterlân útrikt.

De sjuery keas Adri de Boer om syn sterke bân mei Opsterlân

De sjuery bestie út Froukje Hoekstra (kultuercoach), Dieuwertje van der Wal (dosint Nederlânsk) en wethâlder Libbe de Vries. Wethâlder De Vries: “It wie gjin ienfâldige taak foar de sjuery om in kar te meitsjen, want elk gedicht brocht op syn eigen wize wat unyks. Poëzy hat it fermogen om minsken stilstean te litten by wat der wier ta docht. Koartsein, de gemeentedichter is mear as in dichter; it is in stim dy't ús helpt te reflektearjen op wa't wy binne, wêr't wy wei komme en wêr't wy hinne geane. It gedicht fan Adri de Boer fangt de essinsje fan Opsterlân; fan natuer en kultuer oant polityk en it libbensfjoer. It gedicht fielt as thús.”

Adri de Boer is bekend as de ‘Fryske Trûbadoer’

Adri de Boer is al lange tiid aktyf as muzikant. Op syn fjirtjinde begûn hy mei muzyk meitsjen. Yn 2015 is hy him folslein op muzyk rjochtsjen gien, nei 42 jier yn de soarch wurke te hawwen. Hy skriuwt eigen teksten en fertaalt ferskes út it Ingelsk en Sweedsk nei it Frysk en Nederlânsk.

De gemeentedichter skriuwt seis gedichten yn 't jier

Adri de Boer is foar twa jier beneamd. Hy skriuwt elk jier seis gedichten. Dy geane oer aktuele barren en kulturele aktiviteiten yn de gemeente. Hy draacht syn gedichten ek foar tidens eveneminten, lykas Befrijingsdei.

De gemeentedichter draacht syn winnende gedicht foar op 30 septimber

Op moandei 30 septimber draacht Adri de Boer syn winnende gedicht foar tidens de gemeenteriedsgearkomste yn it gemeentehûs fan Beetstersweach.

De ynstjoerings

Druk op it pluske neist de namme fan de ynstjoerder om de gedichten te besjen.

Winner: Adri de Boer (Lippenhuzen)

Oardiel sjuery

Dit gedicht fangt de essinsje fan Opsterlân; fan natuer en kultuer oant polityk en it libbensfjoer. It gedicht fielt as thús.

It gedicht

Opsterlân myn Opsterlân                  

Yn ús bysûnder Opsterlân

út Upsateraland ûntstien,

wenje wy hjir op it sân

om ús hinne folop grien.

-

’t Âld Djip, de pearske heide

it lânskip hjir  fan komsa

de Fryske Wiken hjir rûnom

Ropt oan elk in “ Wêz wolkom” ta.

-

de Fyts - en kuierpaden 

Dwêrs troch de natoer

troch feëryk útsicht oerladen

bringt  hiel wat aventoer 

-

Opsterlân fol feanlân

o sa karakteristyk 

Opsterlân mei polderlân

Yn alles…… yn alles bist unyk

-

rust en romte neist innoar           

lykas muzyk,  teniel

wy krije in protte foar elkoar

it brûst hjir fan kultuer 

-

wurkje oan de mienskip sin   

troch en foar elkenien

gjin utopie, nee wier, it kin

op nei meiinnoar ien

-

Poêzij en polityk

ien en ien net altyd twa                             

beide  binne autintyk

komme no nei elkoar ta                            

-

Opsterlân fol feanlân

o sa karakteristyk 

Opsterlân mei polderlân

Yn alles…. Ja yn alles bist unyk

-

de memmetaal der skriuw ik yn             

al lang myn grutte driuw                                          

sjong ferskes oer wat ik fyn      

bliuw sa ticht  by myn gefoel                   

-

Bin net pur sang in dichter 

Mar mear in trûbadoer 

bring minsken graach wat tichter

by it libbensfjoer

-

no dit wie myn ferhaal                                              

oer myn foardracht honger                                     

yn de eigen wâldske taal                                         

graach wurdt ik jo gemeentlike sjonger

-

Opsterlân fol feanlân

o sa karakteristyk 

Opsterlân mei polderlân

Yn alles…. Ja yn alles bist unyk

-

Opsterlân fol feanlân

o sa karakteristyk 

Opsterlân mei polderlân

‘t fielt hjir altyd, ja altyd 

Altyd as smoarend’ ryk

Josien van den Berg-van der Kooi (Beetsterzwaag)

Oardiel sjuery

De sjuery wie ûnder de yndruk fan it ritme en it rym. It gedicht fertelt op poëtyske wize it ferhaal fan de skiednis fan Opsterland.

It gedicht

It Alddjip

Ieuwen lang al is hjir wetter

De ´Opsterlanner´ wit net better

Mar as ik no fyts of rin

eltse kear dat ik hjir bin

rekket it my yn myn moed

ik fiel de skiednis yn myn bloed

-

Eartiids koest net rinne

oer de sompe hinne

Men moast farre

En sa koe it barre

dat - wêr’t it heger wie –

de minske wenjen gie

-

Adel naam de macht oer fean en lân

en boude húzen op it sân

Túnen as in park sa grut

lieten sjen wat Jonkhear of Baron betsjut

Monuminten liet men nei

hast in kilometer op in rij

-

Turf bringt feanbaas grutte wolfeart

oant de arbeider him der tsjin keart

De wramers en de wrotters yn it fean

hawwe amper iten en gjin klean

It Sosjalisme is in feit

dat ék yn Opsterlâns ferline leit

-

As ik no fyts of rin

mar eltse kear dat ik hjir bin

tink ik - yn hjerst of wintertoai -

wat is it hjir toch bjusterbaarlik moai

Rêst en romte, wêr is dat noch…

No hjirre dochs?!

-

As ik no fyts of rin

mar eltse kear dat ik hjir bin

gean myn tinzen oer

hoe ryk ik bin mei sa’n natoer

En dan it erfguod der nog by:

Hoedzje en noedzje moatte wy!

Froukje de Haan (Langezwaag)

Oardiel sjuery

Koart mar krêftich: in eigentiidsk, modern en optimistysk gedicht.

It gedicht

Opsterlân is in gemeente sa't elkenien dat wol, 

Der bart altyd wol wat, nea stiet it dêr stil. 

-

Natuer, kultuer, sport, foar elk wat wils,

Lit it mar sjen, se kenne al de skills. 

-

Opsterlân is de gemeente dêr't jo wêze wolle,

Leau my, hjir fielt elkenien him goed.  

Ivar de Jonge (De Gordyk)

Oardiel sjuery

De sjuery wie rekke troch de emoasjes dy't dit gedicht oprôp. Benammen de lêste sin bleau hingjen as betsjuttingsfolle ôfsluting: 'Ik bin wêr, wêr't ik wêze kin, dêr wêr't ik bin.'

It gedicht

Opsterlân: wêr't ik bin 

Wat ik fyn, sis ik 

Wat ik wol, besykje ik 

Wat ik net snap, beprate ik 

Wat ik bewûnderje, omearmje ik

-

Wêr't ik dream, groei ik

Wêr't ik tink, wurdearje ik

Wêr't ik gûl, fiel ik

Wêr't ik laitsje, bin ik

-

Wa't it nedich hat, help ik

Wa't behulpich is, tankje ik

Wa't op myn paad komt, groet ik

Wa't it kâld hat, waarmje ik

-

Ik bin wêr, wêr kin ik wêze

Dêr't ik bin

Anna Maria de Jong (Terwispel)

Oardiel sjuery

Dit gedicht skilderet mei wurden in prachtich byld fan Opsterlân; by it lêzen derfan sjochst it lânskip as it wiere foar dy opdoemen.

It gedicht

Myn stikje Opsterlân

Sjoch mar mei

Nei de gouden gloed

Dy in protte jûnen 

Oan de hoarizon it frisse grien moetet

-

Sjoch ek de drokke boeren

In protte ride ôf en oan

Want it is efkes droech

Se kinne maaije gean

-

En ssst, de steatlike swannen

Se hâlde my yn 'e gaten

Beskermje harren leafste kroast

Mar se werkenne en wenne

Krekt as de prachtige harten, wylde einen en hastige hazzen

-

Jûns it ritseljen fan jonge ycheltsjes

Elke moarn wekker wurde

Mei it ljochte gesang fan frije fûgels

-

Simmerdeis ûntelbere ynsekten op besite

Bijen, hoarnen, wespen, miggen, fleagen

Sinnekoarntsjes, flinters

Se strielje en stekke

-

De gouden kombinaasje

Fan ûnoantaaste natuer neist myn doar

En foar myn wurk, de A7 tichtby

Makket my hjir yn alle opsichten frij

-

Ik gun it elkenien

Fries, Nederlanner, Meilanner

Mei leafde diel ik

Myn Opsterlanner Lok

Gerard Rooker (De Gordyk)

Oardiel sjuery

In krêftich gedicht yn telegramstyl. Jo hearre it as it wiere al foardroegen wurde by it lêzen.

It gedicht

De ivige optimist

tsjuster, 

de hoanne kraait,

lampe stikken

kearsen op,

moanne healwei

beurs leech,

gas ôfsluten

baljuchter by de doar, 

frou fuort

skieding op komst,

hûn yn waarmte 

ropsek yn 'e bealch

droege bôle yn 'e trôch,

toarstich

dea bier yn myn glês,

kroech ticht.... 

wat in tsjinslaggen dizze dei

hawar,

moarn begjin ik mar wer op nei

Seine harje

spit yn 'e grûn

sek ûnder de kont

bril op 'e noas

swaaibeam yn 'e nekke

it izer narje

op it skerpst fan 'e snie

gers yn triennen

blommen de eagen ticht

Lûden en byldzjen

De doar nei de wrâld stiet iepen

Wat ik hear en wat ik sjoch

Ik begryp der gjin bliksem fan