De oanwizing fan gemeentlike monuminten
Begjin 2023 naam de gemeenteried in beslút om te starten mei it oanwizen fan gemeentlike monuminten. Monuminten litte sjen hoe't wy eartiids libben. Monuminten binne faak ek oantreklik en foarmje in noflike wen- of ferbliuwsumjouwing. Om derfoar te soargjen dat dit stikje taastber ferline net ferdwynt, wol de gemeente histoaryske pannen en objekten beskermje.
In gemeentlik monumint is beskerme fan it momint ôf dat Boargemaster en Wethâlders dêroer in beslút nommen hawwe. Aafke Bekkema, beliedsadviseur kultureel erfgoed, is hjir de kommende tiid drok mei. “Wy hawwe sjoen hokker objekten en pannen binnen de gemeente mooglik foar in status as monumint yn oanmerking komme. Dit hawwe wy dien mei help fan ferskate histoaryske ferienings en belutsen ynwenners. Earder hat yn de Sa! in oprop stien oan ynwenners om mei te tinken en gebouwen of oare saken oan te dragen.”
Wat binne no eins gemeentlike monuminten?
Dit binne objekten lykas gebouwen, mar ek bygelyks tunen, tsjerkhôven, grêfmonuminten, brêgen, âlde muorren en parken. Se binne fan bûtengewoane skientme, hawwe in bysûndere arsjitektuer, binne seldsum of hawwe oare bysûndere skaaimerken. Hjirtroch binne se fan maatskiplike wearde en binne se it wurdich om te behâlden. Eigners fan potinsjele gemeentlike monuminten binne dus eigner fan eat hiel bysûnders, eat dat grutte maatskiplike wearde hat. Om te witten oft in pân of objekt dizze wearde hat, is it nedich om dit earst te beoardieljen. Gemeente Opsterlân hat Stichting Steunpunt Monumintesoarch Fryslân hjirfoar ynskeakele.
Hoe wurket sa’n beoardieling?
Steunpunt is yn jannewaris 2024 start mei it beoardieljen fan de pannen en objekten. De ferwachting is dat de beoardielingen, sa’n 550 stiks, begjin novimber klear binne, fertelt Aafke. “Wy beoardielje oan de hân fan in beoardielingsformulier. Wy sjogge nei de kultuerhistoaryske wearde, de arsjitektuer, de bouhistoarje, de lizzing yn de omjouwing, de byldwearde en autentisiteit en streekhistoaryske betsjutting. It giet dus net allinnich om de steat fan in gebou of oar objekt, mar ek hokker skiednisferhalen deromhinne besteane. It ferheljende aspekt fan gebouwen en lokaasjes wurdt hieltyd wichtiger.” Op basis fan it formulier wurde oan in gebou of objekt punten takend. Dit kin liede ta trije mooglike resultaten: it komt net yn oanmerking foar in status, it is karakteristyk of it is monumintweardich. “Troch deselde kritearia oan te hâlden as oare gemeenten, ûntstiet der in ‘status quo’ foar monuminten. Dit hâldt yn dat monuminten op dizze manier mei elkoar fergelike wurde kinne en de manier om eat te beoardieljen is dan itselde foar alle gemeenten. Dit soarget foar in goede balâns.”
Hoe giet it fierder neidat de beoardielingen klear binne?
“Fan de 550 beoardiele pannen en objekten komme der nei ferwachting sa'n 70 yn oanmerking foar de status gemeentlik monumint. De kommende moannen benaderje wy de eigners fan dizze pannen en objekten foar in petear of organisearje wy in ynformaasjebyienkomst”, lit Aafke witte. Der wurdt dan besprutsen hokker gefolgen in monumintestatus hat, hoe't it pân of objekt beoardiele is en hoe't it sit mei bygelyks subsydzjes en fergunningen by ferbouwings. Op dy manier kinne eigners in goede beslissing nimme om harren besit wol of net oanwize te litten.
Wat goed is om te fertellen is dat in oanwizing altyd op basis fan frijwilligens giet en mei ynstimming fan de eigner. “In goede ynformaasjefoarsjenning is wichtich. In protte minsken tinke nammentlik dat, as jo in gemeentlik monumint besitte, der neat mear oan feroare wurde mei. Dit kloppet net, in protte is noch altyd mooglik, mar wol yn oerlis mei de erfgoedkommisje fan de gemeente. Sy jouwe advys oer hoe't in restauraasje of oanpassing it bêste útfierd wurde kin. Ek kin der advys jûn wurde oer ferduorsuming en isolaasjemaatregels.” Der wurde deistich monuminten oanpast oan de winsken fan no. Wol moat der by in ferbouwing of feroaring oan in gemeentlik monumint altyd rekken holden wurde mei de histoaryske wearde fan it pân of objekt en moat der besjoen wurde oft se karakteristike wearden net oantaaste.”
Is it mooglik om ek no noch suggestjes te dwaan?
“Jazeker, ek no kinne ynwenners noch suggestjes dwaan. As ynwenners fan miening binne dat der in pân of objekt beoardiele wurde moat, dan kinne se in mailtsje stjoere nei erfgoed@opsterland.nl.”
