Gordyk - Kermis en maitiidsmerk
Yn maaie wurde der in kermis en maitiidsmerk organisearre op Gorredijk. Dêrom sille ferskate strjitten en parkearplakken sluten wêze.
Kermis fan 30 april oant 3 maaie
Fan tongersdei 30 april oant en mei snein 3 maaie is der in kermis op 'e Gordijk. Dizze fynt plak op it parkearplak oan 'e Marktstraat. Dêrtroch is dit parkearplak sluten fan tiisdei 28 april (fan sawat 18.00 oere) oant en mei moandei 4 maaie (oant sawat 12.00 oere).
De dielnimmende kermisbehearders parkearje de caravans en pakweinen op it parkearplak by it sportkompleks Kortezwaag.
Maitydsmerk 3 maaie
De maitiidsmerk fynt plak yn Gorredijk op snein 3 maaie.
De maitiidsmerk sil opsteld wurde op stikken fan Hoofdstraat, Brouwerswâl, Langewâl en Formanjestrjitte. De neamde strjitten binne ôfsletten foar al it ferkear.
