Berneboargemaster socht!
Wenje jo yn de gemeente Opsterlân en liket it jo leuk om berneboargemaster te wurden? Dan is dit jo kâns! Foar it kommende skoaljier sykje wy in opfolger foar Sterre Turk, dy't sûnt septimber 2024 de berneboargemaster fan Opsterlân wie.
Wa binne jo?
- jo sitte yn groep 7 of 8 fan de basisskoalle;
- jo wenje yn Opsterlân;
- jo hawwe ynteresse yn wat der yn de gemeente bart;
- jo binne spontaan, entûsjast en nijsgjirrich;
- jo fine it leuk om yn de belangstelling te stean en jo fine it leuk om foar publyk wat te sizzen.
Wat sille jo dwaan?
- Mei in beskate regelmjittigens geane jo mei de boargemaster, bygelyks om Sinteklaas te ûntfangen of om it karnaval te iepenjen. Mar ek by mear serieuze barren binne jo oanwêzich, bygelyks de nijjiersresepsje of in betinking om in krâns te lizzen.
- Ek organisaasjes kinne jo útnûgje om bygelyks it swimseizoen te iepenjen. Wat jo allegear dwaan sille, bepale wy tegearre. Wy meitsje in jieraginda fan aktiviteiten dêr't jo mei nei ta soene kinne.
Wêr sette jo jo foar yn?
- As berneboargemaster hawwe jo net allinnich in seremoniële rol. Jo binne berneboargemaster foar alle bern yn Opsterlân fan septimber oant en mei juny. Dat jout jo de tiid om jo yn te setten of omtinken foar te freegjen wat jo wichtich fine foar bern en dêr't de gemeente miskien wat oan dwaan kin. Dêrmei helpe wy jo fansels graach.
Koartsein:
- Boargemaster foar bern wêze is fansels tige leuk, mar it freget ek de nedige tiid. Alle aktiviteiten geane altyd yn oerlis en moatte te kombinearjen wêze mei skoalle.
- Jo âlden moatte it fansels iens wêze mei jo sollisitaasje en beneaming en moatte ree wêze om jo te begelieden (ûnder mear mei ferfier).
Sollisitaasjeproseduere:
- Wolle jo boargemaster foar bern wurde, dan hearre, lêze en/of sjogge wy graach wêrom't wy jo kieze moatte. Jo kinne in brief skriuwe, in PowerPointpresintaasje meitsje, mar in filmke of in oar idee is fansels ek leuk.
- Wy ûntfange jo sollisitaasje graach foar 21 juny 2025. Mail jo sollisitaasje nei kinderburgemeester@opsterland.nl of stjoer jo sollisitaasje nei:
Gemeente Opsterland
T.a.f. bestjoerssekretariaat
Postbus 10.000
9244 ZP Beetsterzwaag