Útwei oanlizze

Wolle jo by jo wenning of bedriuw in yn- of útrit meitsje nei de iepenbiere wei of wolle jo in besteande yn- of útrit feroarje? Dan moatte jo dit melde by de gemeente. Meld dit foarôf by de gemeente of gean earst nei of jo hjir in omjouwingsfergunning foar nedich hawwe.

Komt in útweg út op de provinsjale wei, dan moatte jo in omjouwingsfergunning oanfreegje. Dit kinne jo dwaan fia it Omjouwingsloket, sjoch Omgevingsloket.

Komt de útrit net út op in provinsjale wei, mar op in gemeentlike wei, dan is it foldwaande om hjir in melding fan te dwaan by de gemeente.

De gemeente kin de melding wegerje om de folgjende redenen:

  • der meie gjin gefaarlike of hinderlike situaasjes ûntstean foar it ferkear;
  • der mei gjin iepenbiere parkearplak ferlern gean;
  • it mei net ten koste gean fan iepenbier grien yn de gemeente;
  • it mei net ten koste gean fan it uterlik oansjen fan de omjouwing.

 Hâld der rekken mei dat de ôfhanneling fan de melding 6 wiken duorje kin.

It is altyd mooglik om earst te ynformearjen oft it sin hat om in melding te dwaan, mei omtinken foar jo lokaasje en de situaasje.

Daliks regelje

Meld jo plannen by de gemeente. Folje it formulier 'Meldingsformulier útweg' yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje').  

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân