Faak stelde fragen ferkear en ferfier

Op dizze side fine jo in oersjoch fan faak stelde fragen oangeande ferkear en ferfier yn de gemeente Opsterlân. 

Parkeare

Kin de gemeente ekstra parkearfakken oanlizze?

Yn in soad buerten wurdt de parkeardruk as in probleemField. Yn âldere wiken is net altyd romte foar twa of soms trije auto´s foar eltse húshâlding. Gemeente Opsterlân leit leaver gjin ekstra parkearplakken oan. Ekstra parkearplakken geane nammentlik faak ten koste fan grien of boarterstunen yn de buert. As in strjitte oan grut ûnderhâld ta is, sjogge wy opnij nei de parkearsituaasje. Dat dogge wy yn oerlis mei de bewenners. Wy beprate dan tegearre oft it mooglik én winsklik is om it tal parkearplakken út te wreidzjen. As der al grut ûnderhâld west hat of jo strjitte foarearst noch net foar grut ûnderhâld oan de beurt is. Dan hantearje wy de regel dat wannear der binnen in rinôfstân fan 150 meter in parkearplak beskikber is der gjin útwreiding fan parkearplakken nedich is.

Kin ik in parkearplak keapje?

De gemeente Opsterlân ferkeapet gjin parkearplakken.

Kin ik in parkearferbod of ferbod om stil te stean oanfreegje?

  • Wenwiken
    Wy krije regelmjittich fersiken foar it ynstellen fan in parkearferbod om parkearen op de rydbaan tsjin te gean, of omdat der foar in útrit- of op de stoep parkeard wurdt. It útgongspunt fan de gemeente is om gjin parkear- en stopferboden yn wenwiken yn te stellen. Mar ek om sa min mooglik buorden yn wenwiken te pleatsen. Mei it ynstellen fan de maatregel sil de situaasje wierskynlik net feroarje. As jo om jo útrit te ferlitten in pear kear stekke moatte mei jo fiertúch, wurdt dit troch de hanthavener net sjoen as in belemmering. By hinderlik parkearen of it blokkearjen fan de wei advisearje wy jo de bestjoerder fan it fiertúch oan te sprekken op syn of harren gedrach. Helpt dit net dan is de folgjende stap kontakt op te nimmen mei hanthavening of de plysje.
  • By skoallen
    Oanfragen foar ferkearsmaatregels rûnom de skoalle kinne troch de skoalle sels, of troch in ferkearsâlder fan de skoalle oanfrege wurde. Ferkeersonfeilige situaasjes hokker rûnom de skoalle kinne jo it bêste melde by de skoalleding of by de ferkearsâlder fan de skoalle.

Kin ik in blauwe sône of fergunningparkearen yn myn strjitte oanfreegje?

De gemeente Opsterlân stelt gjin blauwe sônes of fergunningparkearen yn wenwiken yn.

Hurdriden

Hurdriden

Hurdriden, en dan benammen yn wenwiken, wurdt meastentiids feroarsake troch de bewenners sels. Bewenners kenne de wei mei alle kûlen en oneffenheden of bygelyks besoargingstsjinsten. Wy hawwe de mooglikheid om fia iepen data de snelheid yn jo strjitte te besjen. Wannear út dizze gegevens bliken docht dat der te hurd riden wurdt dan geane wy sels de snelheden monitoren mei in ferkearstelling. Dit mei behulp fan in saneamde telradar. De telradar mjit de snelheid fan passearjende fiertugen. Om in sa goed mooglik resultaat te krijen sil de telradar oer in perioade fan 2 wiken de gegevens mjitte.

Wannear út de resultaten bliken docht dat der in konstante oertreding fan de maksimumsnelheid is. Besjogge wy oft en hokker maatregels nedich binne. De fersiker krijt in skriftlik berjocht fan de resultaten.
Wannear út dizze gegevens bliken docht dat der net te hurd riden wurdt ûndernimme wy gjin aksje. Wol besteegje wy ekstra omtinken oan de weinyrjochting by it grut ûnderhâld. It is dêrmei it útgongspunt om allinnich by grûne meldingen fan te hurd riden snelheidsmjittingen te hâlden.

Kin de gemeente hanthavenje op snelheid?

Hanthavening op snelheid is in foech dat allinnich by de plysje leit. Jo kinne rjochtstreeks de plysje benaderje foar hanthavening, op it algemiene nûmer 0900-8844.

Kin ik (ekstra) drompels oanfreegje by de gemeente yn myn strjitte?

De gemeente leit allinnich drompels oan as is oantoand dat der struktureel (folle) te hurd riden wurdt. En dat it ynfloed hat op de ferkearsfeiligens (sjoch hurdriden). Wannear de buert fersiket om in soksoarte foarsjenning moat de foarsjenning breed droegen wurde yn de buert fanwegen de neidielen lykas trillingshinder en lûdsoerlêst. In drompel lizze wy allinnich oan by grut ûnderhâld, by ferfanging fan de riolearring of ûnder de werynrjochting fan de wei.

Kin de gemeente fan myn strjitte ienrjochtingsferkear meitsje?

Regelmjittich freegje bewenners om ienrjochtingsferkear yn de strjitte omdat der te hurd riden wurdt. Op in ienrjochtingswei geane bestjoerders krekt hurder riden omdat der gjin tsjinliggers ferwachte wurde. Dêrom fiere wy dit soarte maatregels net út om de snelheid te ferleegjen yn in strjitte. Ienrjochtingsferkear is allinnich oan te rieden by smellere strjitten dy't trochstreamings- problemen of ferkearsfeiligensproblemen opleverje. Ek allinnich as der goede alternativen binne om fia in oare wei, de wei te ferfolgjen. In betingst is dat de maatregel stipe wurdt troch de mearderheid fan de bewenners fan de oangeande strjitte.

Kin de gemeente yn ús strjitte de tastiene maksimumsnelheid ferleegje?

De gemeente ferdielt de wegen oan de hân fan de lanlike noarmen fan Duorsum Feilich ûnder yn kategoryen. Hjirby wurdt ûnderskied makke yn wegen binnen en bûten de beboude kom. Wegen binnen deselde kategory krije deselde ynrjochting en hjir op ôfstimde maksimum snelheid.

De maksimumsnelheid op erftagonklike wegen bedraacht 30 km per oere binnen de beboude kom en 60 km per oere bûten de beboude kom.

Foar in drokke wei, dy't soargje moat foar in flechte trochstreaming, jildt in maksimumsnelheid fan 50 of 70 km per oere binnen de beboude kom en 80 km per oere bûten de beboude kom.

Kin in flitspaal pleatst wurde?

Hast alle flitspalen yn Nederlân binne yn eigendom fan it Iepenbier Ministearje (OM).  It OM hat yn de ôfrûne jierren alle flitspaal lokaasjes evaluearre. Dêrby wie ien fan de doelstellingen fan it OM om it tal flitspalen werom te bringen. Dêrom waard per lokaasje kritysk nei de needsaak fan de flitspaalField. Gemeenten koene hjir min ynfloed op útoefenje.

Nei de evaluaasje binne der flitspalen fuorthelle òf ferfongen troch in digitale flitspaal.

It OM is tige weromhâldend mei it pleatsen fan nije flitspalen. In flitspaal wurdt dan ek net samar delset. Dit wurdt bepaald nei in analyze fan de ferkearsfeiligens:

  • Hoefolle ûngelokken binne der west; wat foar soarte, en wat wie de oarsaak?
  • Hoe heech is it persintaazje oertredings: hoefolle minsken ride der te hurd?
  • Past de snelheid by de wei?
  • Kin de ynrjochting fan de wei feroare wurde sadat der minder hurd riden wurdt?
  • Is dúdlik dat troch in flitspaal it tal ûngelokken minder wurde kin? Dan kin it Iepenbier Ministearje beslisse in flitspaal del te setten. Dit bart yn oerlis mei de plysje en de gemeente.

Op 30 km/oere wegen wurdt troch it OM gjin flitspalen pleatst.

Lokaasjes laadpeallen elektryske fiertugen

Wy ûnderfine yn de strjitte in hege parkeardruk. Der is gjin romte foar in laadplek.

Faak ferfangt de elektryske auto in benzine auto. Dus nimt de parkeardruk net ta. Wol probearje wy by ûndersochte parkeardruk in oplossing op maat te realisearjen.

Nimmen yn dizze buert hat in elektryske auto. Wêrom komt der dan wol foar myn doar in laadpaal?

Faak hat in elektrysk fiertúch ek in levertiid. Dus as immen in elektryske auto besteld hat freget men ek direkt in laadpaal oan. Ek moat in lokaasje foar in laadpaal oan allerhande easken foldwaan. It kin dêrom foarkomme dat de laadpaal net foar de doar fan de oanfreger komt.

Ferkearsbuorden

Wy pleatse allinnich buorden as dit wetlik ferplicht is of as dit de ferkearsfeiligens ferbettert.

Kin ik buord 'boartsjende bern' oanfreegje by de gemeente?

Yn wenwiken pleatse wy dizze buorden net omdat dyk brûkers yn wenwiken "boartsjende bern" op de wei ferwachtsje kinne. Allinnich by drok besochte boarterstunen en skoallen yn de wenwiken, pleatse wy soms dit buord. Ofhinklik fan de situaasje

Kin ik in buord mei (wen)erf oanfreegje by de gemeente?

It is net mooglik om "somaar" in buord (wen) erf te pleatsen oan it begjin fan in wenstrjitte / wenwyk.


In wenwyk is in strjitte wêrby't de klam tige sterk leit op de ferbliuwsfunksje: wenjen, boartsjen, kuierjen, ensafuorthinne. Parkeare yn in erf kin allinnich yn parkearfakken dêr't in P yn stiet. Bûten dizze fakken is it ferbean te parkearen. Alle wen gebieten binne of wurde ynrjochte as 30 km-sône wêrby't 'Duorsum Feilich' it útgongspunt is. Dat is in inisjatyf fan de ferskate Nederlânske oerheden om de ferkearsfeiligens fan it dyk ferkear te fergrutsjen, troch te rjochtsjen op it foarkommen fan ûngelokken.

Kin der in buord "útsûndere bestimming ferkear" pleatst wurde?

In ûnderbuord útsûndere bestimming ferkear is net hanthavenber. Rjochters hawwe dêr útspraken oer dien. De plysje beboetet hjir dan ek net op. Hanthavening fan dit ferbod is gjin foech fan de gemeente, mar fan de plysje. Dêrneist hat de gemeente it doel om te kommen ta in helder stelsel fan ferkearsbuorden. De juste buorden op it juste plak. Sûnder oerstallige ferwizings. De gemeente stribbet dernei om sa min mooglik buorden te pleatsen. Salang hjirtroch gjin wetlik en ûnjuste ferkearssituaasjes ûntstiet.

Hoe sit it mei foarrang yn in 30 km sône?

Yn in 30 km/sône is al it ferkear gelyk, dit betsjut dat rjochts foarrang hat. Troch de foarrang net apart te regeljen is foar de dyk brûker de ferkearssituaasje dúdliker omdat oeral (ek lanlik) deselde regel jildt. Dit is in ferbettering foar de ferkearsfeiligens. In útsûndering op dizze regel binne krúspunten fan wyk wegen mei fytspaden dy't ta de haadfytsstruktuer hearre. Dit soarte fytspaden wurde yn de foarrang ôfwikkele en is op strjitte sichtber makke mei bebuording en markearring.

Kin ik in zebrapaad oanfreegje by de gemeente?

Binnen in 30 km sône wolle wy leaver gjin fuotgongersoerstekplak oanlizze. Dit om't in sebrapaad foar skynfeiligens soargje kin. In sebrapaad (fuotgongersoerstekplak) wurdt allinnich by hege útsûndering by skoallen oanlein.

Sichtbelemmering

It sicht wurdt belemmerd troch strûken of in muorre. Wat no?

Somtiden is der sprake fan sichtbelemmerjende begroeiïng. Oer it algemien is yn in 30 km-sône allinnich sprake fan sichtbelemmering as de begroeiïng ticht by de râne fan de rydbaan komt en sa heech is dat it ferkear (fanút in fiertúch) der net oerhinne sjen kin. Stiet de begroeiïng op romme ôfstân fan de rydbaan, dan is der oer it algemien genôch mooglikheid, eventueel mei oanpaste snelheid, oant it krúspunt op te riden en sa sicht te krijen op it krusende ferkear.

By hegere snelheden (bygelyks 50 km), kin al earder sprake wêze fan sichtbelemmering. Oft der sprake is fan sichtbelemmerjende begroeiïng wurdt troch de ferkearskundige fan de gemeente beoardiele. As der sprake is fan sichtbelemmerjende begroeiïng, is de eigener fan de beplanting ferplicht dizze te snoeien of eventueel te ferwiderjen.

As in muorre fan bygelyks in skuorre foar sichtbelemmering soarget, dan moat it ferkear him yn syn gedrach oanpasse oan dizze situaasje. De gemeente nimt yn sokke gefallen trochstrings gjin maatregels.

Kin ik in ferkearsspegel oanfreegje?

Wy pleatse leaver gjin spegels. In spegel kin skynfeiligens jaan. Jo witte noait wis of in bestjoerder it ferkear op de krusende wei yn de spegel sjocht. Ek kin in spegel soargje foar in fertekene byld, wêrtroch't de snelheid fan it oankommende ferkear net goed ynskat wurde kin. Ferkearsspegels binne ek net brûkber by elk type waar. Ek binne de spegels gefoelich foar fandalisme. Allinnich by hege útsûndering wannear't der gjin inkeld sicht is mei mei tastimming fan de gemeente in ferkearsspegel pleatst wurde. De kosten foar pleatsing en ûnderhâld binne dan foar de oanfreger sels.

Lûd

Ik ha lêst fan trillingen en/of skea oan myn wenning troch it autoverkear.

It kin barre dat jo trillingen fiele by it foarbyriden fan ferkear. Mien(e) jo troch trillingen skea ûnderfûn te hawwen, dan kinne jo hjir oer in klacht yntsjinje. Yn de gemeente Opsterlân steane guon wenten op fean en/of ticht oan de wei. Hjir troch kinne jo trillingen fiele fan foarbyridend ferkear.

Dit hoecht net ta skea te lieden. Wannear't jo tinke dat dit wol it gefal is moatte jo in spesjalisearre bouwkundich ekspert in rapport opstelle litte wêryn't oantoand wurdt dat de skea feroarsake is troch dykferkear. Dat rapport kinne jo tegearre mei jo klachtomskriuwing skriftlik yntsjinje by it kolleezje fan B en W. Wy nimme dizze dan yn behanneling.

Ik wol in ferbod op frachtweinen yn myn strjitte. Wêr kin ik dizze oanfreegje?

Yn iedere strjitte moat frachtferkear komme kinne. Bygelyks om it hûsfûl op te heljen, te ferhúzjen of om bestelde spullen te besoargjen. In ferbod beheint de berikberens fan jo wenning en de wenning fan jo buorlju. In ûnderbuord mei 'útsûndere bestemmingsferkear' is dêrom net mooglik.

Kontakt melding dwaan

Hawwe jo fragen of wolle jo mear ynformaasje?

Nim kontakt op mei it Publykssintrum

Bûtentsjinst