16 july 2024: Ferslach ynrinbyienkomst trochstreamlokaasje Beetstersweach

Sawat 70 ynwenners wiene oanwêzich by de earste ynrinbyienkomst oer de mooglike trochstreamlokaasje foar statushâlders yn Beetstersweach. De gemeente ûndersiket op dit stuit oft de soarchlokaasje Ikenhiem geskikt is foar tydlike húsfesting fan statushâlders. De hjoeddeistige bewenners fan de soarchlokaasje ferhúzje meikoarten nei nijbou. De lokaasje Ikenhiem soe dêrnei sloopt wurde. De gemeente ûndersiket no oft se it oernimme kinne en oft it geskikt is foar tydlike húsfesting fan statushâlders. Ôfrûne 4 july 2024 fûn de earste ynrinbyienkomst hjeroer plak en yn it neijier fynt in twadde byienkomst plak. 

De gemeente ûndersiket no dus noch oft it pân geskikt is. Under de byienkomst koene ynwenners hjeroer fragen stelle. Hjirûnder fine jo in gearfetting hjirfan. 

Fragen oer it oantal mooglike bewenners en de gearstalling.

Ien fan de earste fragen wie om hoefolle bewenners it gean soe as it yndie in trochstreamlokaasje wurdt foar statushâlders. Dat antwurd is tusken de 50 – 100 bewenners. It krekte oantal hinget ôf fan wat der út it ûndersyk fan de gemeente komt. 

Huzen foar jongeren, allinnesteanden en oare wenningzoekenden.

Ferskate oanwêzigen hawwe oan de gemeente frege oft der no ek gau boud wurde sil foar jongeren en allinnesteanden. It antwurd is dat de gemeente ek ûndersykje sil oft wy rappe wenoplossingen realisearje kinne. Dat binne wenten dy't hurder boud wurde kinne as oare wenten. Dizze wenten binne dan geskikt foar meardere doelgroepen, lykas bygelyks jongeren.  

In oantal fragen hie betrekking op de draachkrêft fan it doarp Beetstersweach. 

De gemeente ferkent oft Ikenhiem in trochstreamlokaasje wurde kin foar statushâlders. Statushâlders binne minsken dy't al in ferbliuwsfergunning hawwe. Sy hawwe rjocht op in wenning en sy meie ek wurkje. In trochstreamlokaasje is dus gjin soarchlokaasje. Minsken wenje der selsstannich en ferfolje in rol yn de maatskippij, yn de gemeente. Se geane ynboargerje, wurkje, dogge frijwilligerswurk of binne op in oare manier maatskiplik belutsen. Hjir troch wurkje se ek oan harren yntegraasje en ynboargering. Se drage by oan de draachkrêft fan Beetstersweach. Statushâlders yn de gemeente Opsterlân wurde begelaat troch Code Hans en troch frijwilligers. 

Soarchynklusiviteit fan Beetstersweach.

Beetstersweach hat al meardere soarchlokaasjes. Ien fan de fragen wie dan ek, wannear is Beetstersweach ynklusyf genôch as it om soarchynklusiviteit giet? It antwurd is dat in trochstreamlokaasje gjin soarchlokaasje is en dat statushâlders ek bydrage kinne oan de draachkrêft fan in doarp. Se meie nammentlik wurkje, frijwilligerswurk ferrjochtsje of in oplieding folgje. Dêrtroch kinne statushâlders ynboargerje, yntegrearje en maatskiplik bydrage. 

Is de nije basisskoalle grut genôch?

In soarch is ek oft de skoalle grut genôch is. Op dit stuit ûndersykje wy oft Ikenhiem geskikt wêze kin as trochstreamlokaasje. Wy witte no dus ek noch net hoefolle minsken der eventueel yn wenje kinne. Dit betsjut ek dat wy no net witte oft der basisskoallelearlingen komme. Al dizze fragen en ûnsekereheden nimme wy mei yn it ûndersyk dat wy no oan it dwaan binne. 

Feiligens

Under de byienkomst wie feiligens in tema. Soms gie it dan oer ferkearsfeiligens, mar der binne ek soargen en fragen oer feiligens yn it algemien. De gemeente is ferantwurdlik foar de iepenbiere oarder. Dat is by statushâlders itselde as foar de hjoeddeistige ynwenners fan Beetstersweach. Statushâlders wurde dêryn net oars behannele troch de gemeente.  

Fergunning, gebou en lokaasje.

Der wienen fragen oer de fergunning. Dat is yndie in ûnderwerp dat de gemeente goed ûndersykje sil. Der wienen ek wat soargen oer de hjoeddeistige steat fan Ikenhiem. De fraach út 'e seal wie oft it gebou wol goed genôch is. Dat is ek in aspekt dat de gemeente ûndersykje sil. Dêrneist wie der in fersyk om ek nei te tinken oer de lokaasje op langere termyn en oft de dammen yn 'e sleat fuorthelle wurde kinne. Nei beide fersiken sil de gemeente sjen. 

Hoe lang is tydlik?

As út it ûndersyk fan de gemeente bliken docht dat in trochstreamlokaasje mooglik is, dan is it in tydlike lokaasje. In wichtige fraach fan oanwêzigen wie, wat is dan tydlik? In trochstreamlokaasje is der minimaal foar 3 jier. 

Bewenners fan in trochstreamlokaasje.

In fraach wie ek oft wy as gemeente kieze kinne hokker statushâlders wy dan eventueel opnimme wolle. Bygelyks allinnich mar gesinnen. Dat is net sa. Dat dogge wy by oare minsken yn ús gemeente net en by eventuele statushâlders kin dat ek net. 

Hoe no fierder?

De gemeente giet fierder mei ûndersyk. Yn it neijier hawwe wy hjir in útkomst fan en dan folget in twadde ynrinbijeenkomst. 

Mear witte?

Fia de ûndersteande knop kinne jo mear ynformaasje fine oer dit ûnderwerp.

Mear ynformaasje