16 septimber: Besprek mooglike trochstreamlokaasje tidens oriïntearjende riedsgearkomste

Moandei 16 septimber hat de ried in oriïntearjende riedsgearkomste hân oer ferskate ûnderwerpen. Ien dêrfan wie de mooglike trochstreamlokaasje yn Beetsterzwaag. 

In oriïntearjende gearkomste hâldt yn dat riedsleden fragen stelle kinne oan de boargemaster, de wethâlders en de amtners oer bepaalde ûnderwerpen. Dêrtroch witte riedsleden alles wat se witte wolle oer in bepaald ûnderwerp en kinne se tidens in folgjende gearkomste dat ûnderwerp noch better beprate en der wol of net mei akkoart gean. 

Wolle jo witte hokker fragen riedsleden steld hawwe oer de mooglike trochstreamlokaasje en de antwurden op dy fragen? Jo kinne de riedsgearkomste hjir weromsjen. 

Oriïntearjende riedsgearkomste weromsjen

Omrop Fryslân makke in item oer de mooglike trochstreamlokaasje. Dy kinne jo hjir weromsjen:

Fryslân Hjoed - Omrop Fryslân
 

Mear witte?

Fia de ûndersteande knop kinne jo mear ynformaasje fine oer dit ûnderwerp.

Mear ynformaasje