21.00 oere: de stimburo's binne sletten

De stimburo's binne sletten. Fanocht wurde per stimburo de stimmen op partijnivo teld. Wy meie de (foarriedige) útslaggen pas bekendmeitsje neidat de stimbussen yn alle lidsteaten fan Europa sletten binne (sneintejûn 9 juny 23.00 oere), om sa de ferkiezing yn oare lannen net te beynfloedzjen. Op snein 9 juny (23.00 oere) publisearje wy op ús webside hoe't der yn Opsterlân stimd is.

Foar no wolle wy alle frijwilligers fan herte tankje en winskje wy alle frijwilligers dy't oan de slach geane in protte súkses ta! Wy binne wiis mei jo!