Bestriding fan glêde omstannichheden

By glêde omstannichheden brûkt de gemeente Opsterlân strooigrit neffens in strooirûte. Dizze rûte is ferdield neffens gebrûk fan 'e dyk en tagonklikens.

Folgje ús antislipmaatregels live

Jo kinne ús strooiaksjes live folgje op wurkdagen tusken 16.00 en 7.30 oere en yn it wykein tusken 16.00 oere op freedtemiddei en 7.30 oere op moandeitemoarn.

Besjoch de kaart mei de strooirûtes  

Snie op 'e dyk

Hoe wurket de kaart mei de strooirûtes?

De kaart lit sân strooirûtes yn 'e gemeente Opsterlân sjen. De basisrûte is yn swart oanjûn. Sadree't de rûte strooid is, wurdt er kleurd en bliuwt er seis oeren sichtber. 

Gebieten dy't troch de buorgemeente of provinsje strooid wurde, binne oanjûn mei read en kinne net live folge wurde.

Jo kinne yn- en útzoome op 'e kaart om it fan tichtby te besjen of om bygelyks op in spesifyk gebiet te fokusjen. 

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân