HR Stazjêr

Dit is in âld berjocht.

HBO | € 500 | bepaalde tiid | 36 oere

Jo krije enerzjy fan minsken, wurk én de takomst. Nei in bakje kofje en in praatsje mei jo stazjebegeleider binne jo ree om yn petear te gean mei meiwurkers fan ferskate ôfdielingen. Hjoed ûndersykje jo hoe't AI harren wurk feroaret. Yn de iene keamer hearre jo oer tiidswinst troch in automatisearre planningstool, by de folgjende kollega ûntdekke jo krekt twifels oer it brûken fan AI. Jo harkje, stelle fragen en witte krekt wêr't de kânsen lizze foar HR.

Wat sille jo dwaan?

Jo fine it moai om ferbannen te lizzen. Net allinnich op papier, mar foaral ek yn petearen mei minsken. Jo wolle begripe hoe't it wurk yninoar sit, wat der feroaret troch de ynset fan technology, en wat dat docht mei de meiwurker sels. It giet net allinnich om tools en prosessen, jo sjogge ek nei wurkplezier, ûntwikkeling en takomstdreamen.

Tidens dizze stazje dûke jo yn de wrâld fan funksjes, AI en organisaasjeûntwikkeling. Jo ûndersykje hokker funksjes binnen ús organisaasje al gebrûk meitsje fan AI-tapassings, wêr't dat tiid, kwaliteit of snelheid opleveret, en hoe't de frijkommen tiid benut wurdt. Mar jo sjogge ek foarút: wat wolle meiwurkers mei dy tiid dwaan? Wêr lizze ûntwikkelkânsen? Wat ferwachtsje sy fan de takomst? En hokker stipe of begelieding hawwe se nedich?

Jo fiere petearen, stelle fragen en analysearje patroanen. Mei jo nijsgjirrigens en frisse blik lizze jo ferbining tusken meiwurkers, technology en organisaasjeûntwikkeling. Oan de ein fan jo stazje leverje jo in dúdlik oersjoch en in praktysk HR-advys op. Dêrmei helpe jo net allinnich ús HR-team, mar ek liedingjaanden en teams dy't harren tariede op it wurk fan moarn.

Jo wurde tidens jo stazje begelaat troch in betûfte HR-adviseur en krije de romte om sels yntsjinje te jaan oan jo ûndersyk. Wy steane iepen foar jo ideeën en moedigje jo oan om jo nijsgjirrigens te folgjen. Wat wy wichtich fine? Dat jo josels wêze kinne, mei wille wurkje en de romte krije om te learen.

Dit biede wy jo

  • Oantreklike stazjefergoeding fan € 500 bruto per moanne by in 36-oere wurkwike.
  • In ôfwikseljende staazje; de iene dei binne jo dwaande mei it fieren fan petearen en de oare dei mei it analysearjen fan jo befinings.
  • Romte foar jo ideeën; as jo tinke dat it oars kin steane wy dêrfoar iepen.
  • In moai staazjeplak binnen in iepen en behulpsem team dêr't jo jo gau thús fiele sille.
  • De romte om te learen, te probearjen en flaters te meitsjen – want dêr leare jo fan.
  • Persoanlike begelieding troch in betûfte kollega dy't écht tiid foar jo makket.

Wa binne jo?

Wy binne allegear oars en dat is moai. Dat makket dat wy tegearre folle mear berikke as allinnich. Dochs hawwe al ús stazjêres in oantal deselde skaaimerken. Herkenne jo josels hjiryn?

  • Jo sitte yn de einfaze fan jo hbo- of universitêre oplieding.
  • Jo wurkje graach mei oaren en leauwe der yn dat jo tegearre better binne.
  • Jo hâlde der fan om dingen út te probearjen en it net even oars te dwaan.
  • Jo fiele jo ferantwurdlik foar jo wurk en taken.
  • Jo hawwe in iepen geast en steane iepen foar oare manieren fan tinken en dwaan.
  • Jo binne nijsgjirrich, stelle goede fragen en doare fierder te sjen as de oerflakte.

Dit binne wy

Wy binne grutsk op ús gemeente mei mear as 30.000 ynwenners, 16 doarpen en in protte grien. Alle dagen sette wy ús yn foar ús minsken en bedriuwen. Wy dogge de doarren iepen nei nije manieren fan dwaan en sjogge fierder as ús lânskippen rike. Us motto? It kin wól.

Wurkje foar Opsterlân betsjut wurkje mei 250+ entûsjaste en gesellige kollega’s. In goede wurksfear, oan humor gjin brek, belangstelling foar elkoar en in high five foar in tûke oplossing. Wy steane iepen foar elkenien. En by ús mei elkenien wêze wa’t er is. Jo krije de romte om jo wurk yn te rjochtsjen sa’t it by jo past. Wy fine jo ûntjouwing wichtich en drage dêr graach oan by. En wy moedigje jo oan om op aventoer te gean. Opsterlân jout jo de romte, pakke jo him?

Hawwe jo fragen?

Lit it witte! Ik bin Jaap Atsma (HR-adviseur) en myn telefoannûmer is (06 - 57 83 05 57). Jo meie my ek in WhatsAppberjocht stjoere. Elkoar moetsje en tegearre in bakje kofje drinke kin ek!

Entûsjast wurden?

Lit sjen wa't jo binne en sollicitearje! Wa wit wurdt dit it begjin fan in moai aventoer. Benaderje ús op in manier dy't by jo past. Dit mei mei in brief en cv, in sollisitaasjefideo of op in oare manier. Wy litte ús graach ferrasse! Jo reaksje is wolkom.

Sollisitearje