Stúdzjetastelling oanfreegje
In protte studinten hawwe in bybaan om harren oplieding (foltiids of dieltiids) betelje te kinnen. Studinten mei in strukturele medyske beheining binne soms net yn steat om by te fertsjinjen. Foar harren is der de stúdzjetastelling. Dit jout in stipe yn 'e rêch om dochs in oplieding te dwaan.
Daliks regelje

Stúdzjetastelling oanfreegje
Jo freegje stúdzjetastelling oan mei DigiD.
Bewiismaterialen dy't de gemeente nedich hat:
- jildich identiteitsbewiis;
- bewiis stúdzjefinansiering of learlingetegemoetkoming (WTOS);
- bewiis dat jo in oplieding folgje;
- ferklearring fan in saakkundige dêr't út blykt dat jo in strukturele medyske beheining hawwe.
Betingsten
Om stúdzjetoeslach oanfreegje te kinnen moatte jo oan alle betingsten foldwaan:
- jo binne 15 jier of âlder;
- Jo folgje in oplieding (foltiids of dieltiids) wêrby't jo stúdzjefinansiering of learlingetegemoetkoming (WTOS) ûntfange;
- jo binne troch in strukturele medyske beheining net yn steat om njonken jo oplieding te wurkjen;
- jo ûntfange gjin útkearing fan it UWV (bygelyks Wajong, WIA);
- jo ûntfange gjin ynkomsten foar libbensûnderhâld.
Wat is de hichte fan de stúdzjetoeslach?
| Leeftyd | Tútslach |
|---|---|
| 21-jierrigen en âlder | €302,79 |
| 20-jierrigen | €242,23 |
| 19-jierrigen | €181,67 |
| 18-jierrigen | €151,40 |
| 17-jierrigen | €119,60 |
| 16-jierrigen | €104,46 |
| 15-jierrigen | €90,84 |
