Aktiviteiten yn de doarpen
Fitaal âlder wurde, dat is wat in protte minsken fansels winskje. Yn ús gemeente hoopje wy dat elkenien, sa lang mooglik, meidwaan kin, ûnôfhinklik fan de leeftyd.
Wy fine dat der yn ús gemeente genôch aktiviteiten wêze moatte foar ynwenners fan 65 jier en âlder. Gelokkich is dat ek it gefal! Yn it boekje 'Aktiviteiten yn de doarpen' fine jo in greep út it oanbod. Meidwaan oan aktiviteiten of frijwilligerswurk hat meardere foardielen: jo komme ûnder de minsken, bliuwe fitaal, hâlde jo geast skerp en ûnderfine mooglik mear betsjutting. Wy hoopje dat der aktiviteiten tusken sitte dy’t oanslute by jo ynteresses.
Nim immen mei
Miskien binne jo al frijwilliger yn it ferieningslibben, sporte jo, passe jo op bernsbern of geane jo der faak op út. Dit jildt net foar elkenien. Miskien bringe de aktiviteiten yn dit boekje jo op ideeën foar josels en foar oaren.
Hjirby noegje wy jo út om ek minsken yn jo omjouwing te attindearjen op dizze aktiviteiten. Kjenne jo immen dy’t graach in aktiviteit besykje wolle soe, mar dit net allinnich doart of net maklik immen meifreget? Noegje dy persoan út en nim tegearre diel. Op dizze manier kinne wy tegearre bydrage oan it ferleegjen fan gefoelens fan iensumens yn ús gemeente.
Downloads
De aktiviteiten kinne feroarje. Sjoch dêrom altyd op de pleatslike webside of op www.voorelkaarplein.nl foar de nijste ynformaasje. Hjir fine jo in oersjoch fan organisaasjes, aktiviteiten, frijwilligerswurk en oare ûnderwerpen yn ús gemeente.
In dokumint downloade en iepenje
Jo kinne in pdf-bestân iepenje yn ferskate PDF-lêzers, lykas Adobe Reader.
