De 150 leden fan de Twadde Keamer fertsjintwurdigje de Nederlânske befolking. De Twadde Keamer makket tegearre mei it regear nije wetten en kontrolearret oft it regear syn wurk goed docht. Dêrneist spilet de Twadde Keamer in wichtige rol by it meitsjen fan belied. 

Dit bart der mei jo stim

Op de dei fan de Twadde Keamerferkiezings mei jo stimme, as jo 18 jier of âlder binne en de Nederlânske nasjonaliteit hawwe. Sa litte jo witte hokker politike partij jo de kommende fjouwer jier yn de Twadde Keamer wolle. Hoe mear stimmen in partij kriget by de ferkiezings, hoe mear sitten yn de Twadde Keamer. As nei de ferkiezings de stimmen teld binne, giet de grutste partij op syk nei oare partijen om in regear mei te foarmjen. Tegearre meitsje dy in regearakkoart: dêryn sprekke se ôf hoe't se Nederlân de kommende fjouwer jier regearje wolle.

Mear witte? 

Gean nei de webside fan de Twadde Keamer