Adviseur fysike leefomjouwing
HBO | Skaal 11 | ûnbepaalde tiid | 32-36 oere
Jo starte de dei mei in kop kofje en kontrolearje de wurkfoarried: binne der nije oanfragen? Jo belje in inisjatyfnimmer om in ôfspraak te meitsjen en dúdlikheid te krijen. Dêrnei springe jo op de fyts om in wenningbouplak te besjen. Werom op kantoar stimme jo ôf mei de adviseur wenjen en de stedsboukundige: past dit yn ús romtlike fisy? Oan de ein fan de dei wurkje jo brieven út en stelle jo in kolleezjefoarstel op foar in sinnepark. Gjin dossier is itselde — en jo dogge it nea allinnich. Jo wurkje tegearre mei in fêst en belutsen team.
Wat sille jo dwaan?
As Adviseur Fysike Leefomjouwing ferfolje jo meardere rollen: adviseur, beliedsûntwikkelder en prosesbegelieder. Yn de basis binne jo in romtlike generalist mei in stevige ynhâldlike basis. Jo hawwe ûnderfining yn it fakgebiet en witte jo planologyske kennis praktysk en oertsjûgjend ta te passen. Jo beoardielje oanfragen, advisearje bestjoerders en inisjatyfnimmers en begeliede romtlike prosedueres fan begjin oant ein.
Jo binne immen dy't selsstannich saken oppakt, oersjoch hâldt en inisjatyf toant, ek yn komplekse dossiers. Tagelyk sykje jo aktyf de gearwurking op: mei kollega's út oare dissiplines, mei eksterne partijen en mei ynwenners. Jo bewekje de romtlike kwaliteit by fisyfoarming en tinke aktyf mei oer aktuele opjeften lykas wenjen, enerzjy en duorsumens.
Binne guon ûnderdielen fan de funksje noch in útdaging foar jo? Gjin soargen, wy sjogge graach tegearre hoe't jo doorgroeie kinne en jo plak yn dizze rol fine kinne.
Dit biede wy jo
- Oantreklike arbeidsbetingsten; in moai salaris dat past by jo wurkûnderfining neffens skaal 10 of 11 fan de cao gemeenten (op basis fan skaal 11 maks. € 6193,- bruto per moanne by in fulltime tsjinstferbân) in Yndividueel Kar Budzjet (IKB) fan 17,05%, reiskostenfergoeding, in pensjoenregeling fia ABP en koarting op ferskate fersekeringen.
- In ôfwikseljende baan; de iene dei binne jo yn petear mei inisjatyfnimmers en de oare dei mei in advys mei de ferantwurdlike bestjoerder.
- Genôch kânsen om te ûntwikkeljen fia opliedingen, kursussen en workshops.
- Romte foar jo ideeën; as jo tinke dat it oars kin steane wy dêrfoar iepen.
- Poerbêste wurk-/priveebalâns; jo krije fan ús in laptop en in mobile telefoan, sadat jo sawol thús as op kantoar wurkje kinne.
- Oandacht foar jo vitaliteit; dielname oan ús vitaliteitsprogramma, jierliks meardere aktiviteiten mei de hiele organisaasje en it team en in gesellich wurkkafee!
Wa binne jo?
Wy binne allegearre oars en dat is moai. Dat makket dat wy tegearre folle mear berikke as allinnich. Dochs hawwe al ús adviseurs fysike leefomjouwing in tal deselde skaaimerken. Herkenne jo josels hjiryn?
- Jo wurkje graach mei oaren en leauwe der yn dat jo tegearre better binne.
- Jo advizen binne helder en oertsjûgjend, sawol rjochting bestjoerders, as rjochting ynwenners en inisjatyfnimmers, ek by wjerstân.
- Jo skeakelje maklik mei kollega’s, eksterne partijen en ynwenners en sykje aktyf ferbining om tegearre resultaten te beheljen.
- Jo tinke yn mooglikheden en skeakelje fluch tusken ferskate fraachstikken en rollen, fan beliedsûntwikkeling oant planbeoardieling.
- Jo binne thús yn de politike arena en witte krekt wannear’t jo ynzoome moatte op relevante ûnderwerpen.
- Jo hawwe in ôfrûne hbo-oplieding, bygelyks yn Romtlike Oardering, Planology of Bestjoerskunde.
- Jo hawwe ynsjoch yn maatskiplike, romtlike en politike ûntwikkelingen en it fermogen dy te fertalen nei helder advys.
Dit binne wy
Wy binne grutsk op ús gemeente mei mear as 30.000 ynwenners, 16 doarpen en in protte grien. Alle dagen sette wy ús yn foar ús minsken en bedriuwen. Wy dogge de doarren iepen nei nije manieren fan dwaan en sjogge fierder as ús lânskippen rike. Us motto? It kin wól.
Wurkje foar Opsterlân betsjut wurkje mei 250+ entûsjaste en gesellige kollega’s. In goede wurksfear, oan humor gjin brek, belangstelling foar elkoar en in high five foar in tûke oplossing. Wy steane iepen foar elkenien. En by ús mei elkenien wêze wa’t er is. Jo krije de romte om jo wurk yn te rjochtsjen sa’t it by jo past. Wy fine jo ûntjouwing wichtich en drage dêr graach oan by. En wy moedigje jo oan om op aventoer te gean. Opsterlân jout jo de romte, pakke jo him?
Hawwe jo fragen?
Lit it witte! Ik bin Lian de Boer (teammanager) en myn telefoannûmer is 06 - 21 33 29 04. Jo meie my ek in WhatsAppberjocht stjoere. Elkoar moetsje en tegearre in bakje kofje drinke kin ek!
Ps.: yn de earste wike fan septimber kinne jo Hotze Mellema (strategysk adviseur) ek skilje of moetsje. Syn telefoannûmer is 06 - 82 69 44 19.
Entûsjast wurden?
Lit sjen wa’t jo binne en sollisitearje! Wa wit wurdt dit it begjin fan in moai aventoer. Benaderje ús op in manier dy’t by jo past. Dit mei mei in brief en cv, in sollisitaasjefideo of op in oare manier. Wy litte ús graach ferrasse! Jo reaksje is wolkom oant en mei 14 septimber.