Adviseur Planning & control (32-36 oeren yn 'e wike)
Opsterlân, in prachtige gemeente, dêr't jo njonken de 16 bruisende en karakteristike doarpen
wiidweidige natuer fine. Gerslân, heide, de bekende Sân Wâlden en feangebieten wurde dêr
trochkrúst troch kanalen. Mei de doarpen, pleatslike belangen en ús kollega's soargje wy
derfoar dat Opsterlân in noflike gemeente is om te wenjen, te wurkjen en te ferbliuwen.
Binne jo op syk nei in baan wêryn't jo in wichtige bydrage leverje oan de finansjele sûnens fan ús gemeente? In baan wêrby't jo jo wurk selsstannich yndiele kinne? En wêr't jo ek noch folop de romte krije om jo fierder te
ûntwikkeljen?
Dan sil jo hert sûnder mis hurder slaan by it hearren fan de fakatuere Adviseur Planning & Control binnen ús
organisaasje!
Foar ús team Konsernsaken sykje wy in sekuere en kwaliteitsrjochte
Adviseur Planning & Control (32-36 oeren yn 'e wike)
Wat sille jo dwaan?
Jo soargje der tegearre mei it team foar dat ús gemeente finansjeel sûn is en bliuwt. Jo jouwe frege en net-frege (yntraal) advys oan it bestjoer, liedingjaanden en beliedsmeiwurkers op it mêd fan finânsjes. Jo trede op as harren sparringpartner by finansjele fraachstikken binnen ús organisaasje op strategysk, taktyk en operasjoneel nivo.
Jo toetse kolleezjefoarstellen en begruttingswizigingen op rjochtlinen en lokaasje fan de opnommen trochrekkenings. Tegearre mei jo kollega's binne jo ferantwurdlik foar de begrutting, maitiidsnota en de jierrekken en wurde jo aktyf belutsen by de accountantskontrôle.
Koartsein in alsidige funksje binnen in dynamyske organisaasje.
Wa binne jo?
Jo binne in adviseur dy't reflektearret op it eigen hanneljen. Mei jo kennis, ûnderfining en persoanlikheid meitsje jo it team sterker. Jo binne in echte ferbiner, fêsthâldend, ynnovatyf, jo tinke yn oplossingen en jo witte yn in stresssituaasje it oersjoch te hâlden. Jo hawwe in organisaasje-brede blik, sjogge dwersferbannen en jo steane iepen foar de deskundigens en belangen fan oaren.
Wêr komme jo te wurkjen?
Jo komme te wurkjen op ús gemeentehûs yn it moaie Beetsterzwaag. Beetsterzwaag is û.o. bekend fanwegen de protte histoaryske gebouwen en is fanwegen de lizzing (tusken Drachten en Hearrenfean) maklik te berikken fia de A7. Op ús gemeentehûs wurkje sa'n 250 meiwurkers.
It team Konsernsaken bestiet út saakkundige en entûsjaste kollega's. Jo komme telâne yn in 'waarm nêst'; de kollega's beskikke net allinnich oer in protte ynhâldlike kennis, mar ek oer de nedige doasis humor.
Wat freegje wy fan jo?
- Hawwe jo in ôfmakke HBO-oplieding Bedriuwsekonomy of ferlykber;
- Underfining mei P&C-prosessen binnen de gemeente;
- Underfining mei it wurkjen yn in bestjoerlik-politike omjouwing.
Wat hawwe wy jo te bieden?
- Jo wurde ynskaald yn skaal 10 (maks. €4671,-) of skaal 11 (maks. €5372,-) fan de cao gemeenten. Beide bedragen binne bruto per moanne by in 36-oerige wurkwike. De ynskaal is ôfhinklik fan jo wurkûnderfining.
- In Yndividueel Karbudzjet (IKB) fan 17,05% fan jo brutosalaris. Jo kieze sels wat jo mei dit budzjet dogge. Yn dit budzjet is bygelyks fakânsjejild en de einjiersútkearing opnommen. Ek kinne jo ekstra ferlof keapje en nimme jo diel oan de pensjoenregeling by it ABP;
- De mooglikheid om foar in part thús en foar in part op kantoar te wurkjen. Jo ûntfange yn 2022 in netto thúswurkkompensaasje fan €2,- deis;
- Ek hantearje wy fleksibele wurktiden! Yn oerlis mei jo kollega's kinne jo privee en wurk goed kombinearje;
- In protte romte foar persoanlike ûntwikkeling en it folgjen fan ferskate kursussen en trainingen. Leare fan en mei-inoar stiet by ús foarop: tegearre geane wy foar it bêste resultaat;
- In tydlik wurkkontrakt foar de doer fan 1 jier. As wy in match binne, sette wy dit om nei ûnbepaalde tiid.
Hawwe jo noch fragen?
Dan kinne jo kontakt mei ús opnimme troch te skiljen mei Rudy Klein (teammanager Konsernsaken) of in WhatsApp-berjocht te stjoeren. Rudy syn telefoannûmer is 06-10031653. Hy sit klear om al jo fragen te beäntwurdzjen.
Sollicitearje
Binne jo hielendal entûsjast wurden nei it lêzen fan dizze fakatuere? Wachtsje dan net te lang mei sollicitearjen en griep dizze kâns!
Sollicitearje op in manier dy't by jo past; dit mei mei in brief en cv, in sollicitaasjefideo of op in oare manier. Jo reaksje is wolkom oant en mei 23 oktober 2022 fia sollicitaties@weststellingwerf.nl
Oare fakatures
Sjoch foar alle fakatures op
