Ôffalkalinder en Ôffalapp

De gemeente Opsterlân ferspriedt gjin papieren ofalkalinder mear. Jo kinne de ofalkalinder digitaal besjen op de webside fan Omrin. Of jo kinne de Ofalapp brûke. De Ofalapp befettet njonken de ofalkalinder noch folle mear handige funksjes. Sa hawwe jo yn ien app al jo ofalsaken op in rige. 

Daliks regelje

Ofalkalinder

Omrin Miljeustraat

Webside fan Omrin

Gean nei www.omrin.nl om de ofalkalinder te besjen. Fol jo postkoade en hûsnûmer yn. Alle ophelldata foar jo adres ferskine yn in tabel. Jo kinne dizze tabel downloade of printsje. Binne jo sels net wiis op it ynternet? Der is grif in famyljelid of buorman/-frou dy't jo graach helpe wol.

Ofalapp foar smartphone of tablet

Jo kinne de fergese Omrin Ofalapp downloade en brûke as jo digitale ofalkalinder. De Ofalapp jout jo in seintsje as de kontener by de wei moat. Feroarje de ophelldagen, bygelyks tidens feestdagen? Dan krije jo automatysk in pop-up berjocht. Fierder kinne jo fia de Ofalapp grofôffal, snoeiôffal of lyts gemysk ôffal (KCA) oanmelde. Ek kinne jo yn de app sjen wêr't yn de gemeente ofalynsammelplakken binne.

Ofalapp downloade

Jo kinne de Omrin Ofalapp fergees downloade op jo smartphone of tablet fia de Apple Appstore of de Google Playstore.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân