Algemien stipefersyk koroana

De gemeente Opsterlân nimt ekstra maatregels om troch de koroanakrisis troffen bedriuwen, (sport)ferienings en maatskiplike organisaasjes te helpen.

Oanfraach

Daliks regelje

Binne jo (kontrakt)partner fan de gemeente Opsterlân en hawwe jo fanwegen de koroanakrisis neist de ryksregelingen ekstra finansjele stipe nedich? Dan kinne jo in algemien stipefersyk yntsjinje foar bygelyks it treffen fan in betellingsregeling. Folje hjirfoar it formulier 'Algemien stipefersyk koroana' yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje'). 

Hannelingskader

Yn it 'Algemien hannelingskader by finansjeel-ekonomyske fraachstikken yn ferbân mei koroana' lêze jo mear oer de ekstra maatregels.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum