Ao’s & BO’s: hoe siet it ek alwer?
Binnenkoart ûntfange alle Pleatslike Belangen wer de útnûging foar it bestjoerlik oerlis fan dit jier. Wy hawwe murken dat der soms betizing is oer hokker ûnderwerpen wêr besprutsen wurde kinne. Dêrom sette wy de oarspronklike gedachtegong oer beide oerlis noch even op papier:
Bestjoerlik Oerlis
Dit oerlis giet oer it belied foar de langere termyn fan it doarp en de omjouwing. Tink hjirby oan bygelyks:
- Plannen foar wenningbou
- It ûntwikkeljen fan bedriuweterreinen
- Unfeilige ferkearssituaasjes
- Oanpassing fan (ûnderhâlds-)programma’s fan de gemeente of oare oerheden en plysje
- Sosjaal-maatskiplike fraachstikken (bygelyks jongere-oerlêst, antisipearje op de feroarjende befolkingsgearstalling)
It oerlis is ek bedoeld foar in kennismakking tusken de kolleezjeleden en bestjoersleden fan Pleatslik Belang. Wy wikselje ynformaasje út en helje earste reaksjes op fan ideeën. Ek fertelle wy oer besluten dy't nommen binne.
Oanwêzigen: Bestjoersleden fan Pleatslik Belang, it kolleezje fan Boargemaster en wethâlders, de gemeentesekretaris en in ôffurdiging fan it doarpenteam.
Amtlik Oerlis
It oerlis giet oer behear- en ûntwikkelingssaken. Tink hjirby oan:
- De tarieding fan in bestimmingsplan foar wenningbou
- Oanlis of grut ûnderhâld fan in wei yn of yn de buert fan it doarp
- Oanlis fan foarsjennings foar bygelyks sport of moeting, of it opknappen dêrfan
Meldings fan klachten oer de iepenbiere romte wurde net mear besprutsen yn it amtlik oerlis. Ynwenners kinne hjirfan in melding dwaan yn de app ‘Buiten Beter’. Meiwurkers fan Behear hannelje dizze fierder ôf.
Oanwêzigen: Bestjoersleden fan Pleatslik Belang en in ôffurdiging fan it doarpenteam. As de aginda hjir om freget, kin in fakamtner oanskowe