Bakkeveen

Bakkefean is in prachtich doarp flakby it trije-provinsjepunt fan Fryslân, Grinslân en Drinte. In ûngewoan stikje Fryslân dêr't it bosk, de heide en de dunen de boppetoan fiere. In doarp dêr't jo hearlik kuierje, fytse, mar ek fakânsje fiere kinne. Want Bakkefean hat foar elk wat wils.

Mear witte?

Sjoch dan ris op de webside fan Bakkefean.

Gean nei de webside

Heide Bakkefean Copyright Marcel van Kammen

Foto © Marcel van Kammen

Lânskip fan Bakkefean

By Bakkefean lizze de Bakfeanster Dunen. Dit is in heide- en boskgebiet dat net oanrekke is troch de feanûntginning yn de 19e iuw. Sa seach hiel Súdeast-Fryslân der twa iuwen lyn út. Fanút de ienige skieppekoai yn Fryslân wurdt de oanswettende heide fan Allardsoog en de heide fan Bakkefean troch in skieppekudde begraasd.

Bakkefean leit yn it eastlike streamgebiet fan it rivierke It Keningsdjip of It Alddjip dat ten noardeasten fan Bakkefean ûntspringt. 

Lângoed de Slotpleats by Bakkefean is ien fan de gruttere Fryske boskgebieten mei in stjereskâns, in klassike tún mei slotgrêft en steatlike bûkeleanen.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân