Slaget it jo as selsstannich ûndernimmer net om rûn te kommen? Hawwe jo soargen oer jo finansjele situaasje? Dan kinne jo terjochte by Buro Selsstannigen Fryslân (BSF). 

Yn opdracht fan ûnder oare de gemeente Opsterlân fersoarget de BBZ Fryslân stipe oan ûndernimmers mei jildsoargen. Sa fersoargje sy foar ûndernimmers mei in ynkommen ûnder de bystânsnorm de stipe om wol wer rûn te kommen (Bystânsbeslút Selsstannigen). Ek helpe se ûndernimmers mei skulden en jouwe se advys by oare jildsoargen.

By skulden freegje wy jo om wol earst kontakt op te nimmen mei de budzjetcoaches fan de gemeente. As BSF in passende oplossing biedt, kinne sy jo nei harren trochferwize.

Foar oare fragen oer jild, jildsoargen, ensafuorthinne, kinne jo sels daliks kontakt opnimme mei BSF. Dit kin troch te beljen nei 14058 of troch it kontaktformulier op de webside yn te foljen: Kontakt | Buro Selsstannigen Fryslân.

Hawwe jo fûn wat jo sochten?

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam

Gemeente Opsterlân