
Byldzjende Keunst
Keunst op strjitte, by gebouwen of yn parken: ek dat is kultureel erfgoed. It is wichtich dat de keunstwurken goed ûnderholden wurde. Dat soarget foar in oantreklike omjouwing foar ynwenners en toeristen. It jout de regio in eigen identiteit en soarget foar ferbining.

Hast 100 iepenbiere keunstwurken yn de gemeente
Yn Opsterlân binne 95 iepenbiere keunstwurken oanwêzich. De gemeente is ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan 54 fan dy keunstwurken. Trije keunstwurken binne yn brûklien. Dizze keunstwurken wurde troch de lienende partij ûnderholden. De oare keunstwurken binne fan partikulieren, stiftingen, Pleatslik Belang of bedriuwen. Ek sy soargje sels foar it ûnderhâld.
Fan byldhouwurk oant plakettes
Yn hast alle doarpen yn Opsterlân stiet minimaal ien keunstwurk. De keunstwurken binne der yn alderhande soarten en maten. Sa hawwe wy byldhouwurken, plakettes en betinkingsmonuminten, mar ek keunst as ûnderdiel fan in rotonde of tunnel. Ek de brûkte materialen binne ferskaat: beton, moarmer, natuerstien, mûzelkalkstien, brûns en messing, plaat- en cortenstiel, granyt, stiel of in kombinaasje dêrfan.
Kocht, skonken of pachte
De measte keunstwurken binne kocht of skonken. In útsûndering is it byld Neptunes dat makke is troch Ignatius van Logteren (sirka 1715). It byld stiet yn Beetsterzwaag en is eigendom fan de Cornelia-stifting. De gemeente Opsterlân is erfpachter fan it stânbyld. Dit betsjut ûnder oare dat de gemeente it stânbyld ûnderhâldt.
De oarloch betinke
De oarlochsmonuminten yn Opsterlân binne:
- It Fersetsmonumint by Allardseach
- It Fersetsmonumint op it Algemiene Begraafplak yn Gordyk
- Oarlochsmonumint Foar harren dy't Foelen op it Algemiene Begraafplak yn Tynje
- Joadsk Monumint op de krusing Kerkewal en Haadstrjitte yn Gordyk

Byldzjende keunst yn Opsterlân
Nijsgjirrich nei it oersjoch fan alle iepenbiere keunst yn Opsterlân? Klik dan op de ûndersteande keppeling om de kaart te besjen.
