Beetstersweach

Beetstersweach is in karakterfol, sfearfol en stylfol doarp yn it hert fan 'e Fryske Wâlden. Beetstersweach wie eartiids in doarp mei oansjen. It is net om 'e nocht dat Beetstersweach ek wol bekend stiet as it ‘Wassenaar fan it Noorden’.

Mear witte?

Nim dan in kijkje op de webside fan Beetsterzwaag Natuurlijk.

Gean nei de webside

Bosk Beetstersweach foto Marcel van Kammen

Foto © Marcel van Kammen

Adellik Beetstersweach

Ferskate monumintale pânen en tunen yn de Hoofdstraat, dy't minstens trije en in heale iuw âld binne, binne stille tsjûgen fan de rike aadlike bewenners yn de 18e en 19e ieu. De tunen by de lânhuzen, eartiids it genot fan inkelen, steane no iepen foar elkenien. Beetstersweach hat 46 ryksmonuminten, mar is ek in modern en springlibben doarp. Histoaryske rykdommen wurde mei hjoeddeiske oantreklikheden kombinearre: stylfolle restaurants, bysûndere winkels en boetyks, prachtige kuier- en fytsmooglikheden yn 'e bosken en in soad artistike galeryen.

Geheim lânhûs

Beetstersweach krige lanlike bekendheid mei it lânhûs en hotel Lauswolt as de ‘geheime’ lokaasje foar de besprekken dy't úteinlik lieden ta it kabinet Balkenende IV. De kar fan de politike lieders foar dizze omjouwing is net nuver: fier fuort fan alle hektyk, grienryk én mei de nedige grandeur.

Park Olterterp

Njonken lânhûs Lauswolt, mei syn prachtige golfbaan, leit hjir ek it fraaie yn lânskipsstyl oanleine Park Olterterp. Yn it lykneamde lânhûs sit It Fryske Gea, de provinsjale feriening foar natuerbeskerming.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân