Belestingsoanslach betelje

Wat jo betelje moatte stiet op de jierlikse oanslach. De gemeente ferstjoert de oanslach elk jier fan febrewaris ôf. 

Daliks regelje

Automatyske ynkasso oanfreegje, wizigje of stopje

Probleem automatyske ynkasso: Hawwe jo ein ferline jier automatyske ynkasso oanfrege, dan kin it wêze dat dizze noch net ferwurke is. Troch de technyske steuring dy't wy hawwe, is dit net goed op jo oanslachbiljet ferwurke. De earste ôfskriuwing fynt plak ein maart. Wy geane derfan út dat it oplost is. Mocht dochs bliken dat dit net slagge is, dan hearre wy dit graach fan jo.

Jild

Automatyske ynkasso

Automatyske ynkasso is de ienfâldichste manier om te beteljen. Jo hoege dan sels neat te dwaan; wy skriuwe it jild automatysk fan jo rekken ôf. Boppedat betelje jo net yn ien kear, mar ferspraat oer it jier (maksimaal 10 terminen). Jo kinne dit regelje troch ús in machtiging te jaan.

De automatyske ynkasso fynt plak op eltse lêste dei fan de moanne. Soargje derfoar dat der dan genôch jild op jo rekken stiet.

As de ynkasso twa kear mislearret, dan komt dizze te ferfallen. Dat kin bygelyks barre om't der op it momint fan ôfskriuwen net genôch jild op de rekken stie of om't jo de automatyske ynkasso sels weromhelje. It iepensteande bedrach moat op dat momint foar de lêste ferfaldatum betelle wêze (of as dizze al ferstrutsen is, per direkt).

Ferlitte jo de gemeente? Dan wurdt de ynkasso automatysk stopset as de oanslach folslein betelle is of nei it ynjen fan de lêste termyn.

Betellingsregeling

Wolle jo gjin automatyske ynkasso? Freegje dan in betellingsregeling oan. Let hjirby wol op dat dizze minder terminen hat. Jo moatte dan sels eltse moanne it bedrach oermeitsje.

Jo kinne in betellingsregeling oanfreegje by it team ynkassearjen fan de gemeente fia (0512) 386 222 of invordering@owo-gemeenten.nl.

Hoe wurket it?

Oft jo in betellingsregeling krije, hinget ôf fan jo finansjele situaasje. Dy bepaalt ek hoe't de betellingsregeling derút sjocht en ûnder hokker betingsten jo de regeling krije. Jo krije allinnich in betellingsregeling as jo de gemeentlike belestingen no net betelje kinne, mar letter wol.

Kinne jo de gemeentlike belestingen net betelje fanwege jo ynkommen? Dan hawwe jo miskien rjocht op kwytskelling. Lês hjir mear ynformaasje oer kwytskelling.

Faak stelde fragen belestingsoanslach betelje

  • Kin ik mei automatyske ynkasso betelje?

Ja dat kin, folje hjirfoar it formulier 'Automatyske ynkasso oanfreegje, wizigje of stopje' yn (boppe-oan dizze side ûnder de kop 'Daliks regelje'). Hawwe jo gjin beskikking oer DigiD? Dan kinne jo it formulier ophelje by it Publykssintrum. Is dit beslist net mooglik? Dan kinne wy it formulier ek tastjoere.

  • Ik wol graach myn oanslach mei automatyske ynkasso yn 1 kear betelje, kin dat?

Ja dat kin, mar net fia automatyske ynkasso. Jo moatte dan sels it bedrach yn ien kear oermeitsje nei it bankrekkennûmer NL51 BNGH 0285163043 op namme fan de gemeente Opsterlân. Ferjit net it oanslachnûmer te fermelden. It saldo is dan € 0,00, wy hawwe dan neat mear te ynkassearjen. Jo meie de machtiging ynlûke of stean litte foar de folgjende oanslach. Miskien wolle jo dan wol wer yn terminen betelje.

  • Ik wol in automatyske ynkasso oanfreegje, wizigje of stopje, kin dat?

Ja dat kin, folje hjirfoar it formulier 'Automatyske ynkasso oanfreegje, wizigje of stopje' yn (boppe-oan dizze side ûnder de kop 'Daliks regelje'). Hawwe jo gjin beskikking oer DigiD? Dan kinne jo it formulier ophelje by it Publykssintrum. Is dit beslist net mooglik? Dan kinne wy it formulier ek tastjoere.

As jo jo machtiging stopje, jildt in koartere betellingstermyn, jo moatte sels it oanslachbedrach binnen 3 moannen nei de oanslach foldwaan foar 31 maaie. By ynkasso is de lêste ferfaldatum 31 desimber.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân