Bestimmingsplannen

Yn romtlike plannen wurdt fêstlein hoe't bygelyks in doarp, nije wenwyk of it bûtengebiet der yn 'e takomst útsjen moat. In wichtich romtlik plan is it bestimmingsplan. In bestimmingsplan jout oan wêr't boud wurde mei en op hokker wize grûnen en gebouwen brûkt wurde meie. Yn it plan kinne jo weromfine wêr't wenten, winkels, bedriuwen, wegen, rekreaasjegebieten en soksoarte tastien binne.   

Ofwike fan it bestimmingsplan

As jo bygelyks bouwe wolle of in bedriuw begjinne wolle, kinne jo yn it bestimmingsplan de regels foar it perseel besjen. Sa witte jo fuortendaliks oft jo plannen mooglik binne. Passe jo plannen net binnen de regels fan it bestimmingsplan? Dan kinne jo fia in romtlike proseduere dochs noch tastimming krije foar jo plannen (ôfwike fan it bestimmingsplan).

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân