Betelingsbeoardieling betelje

It bedrach dat jo skuldich binne stiet op jo jierlikse belestingoanslach. De gemeente stjoert de oanslach elk jier, begjinnend yn febrewaris. 

Daliks regelje

Automatyske ynkasso oanfreegje, wizigje of stopje

Probleem automatyske ynkasso: Hawwe jo ein ferline jier automatyske ynkasso oanfrege dan kin it wêze dat dizze noch net ferwurke is. Troch de technyske steuring dy't wy hawwe is dit net goed op jo oanslachbiljet ferwurke. De earste ôfskriuwing fynt plak ein maart. Wy geane der fanút dat it oplost is. Mocht dochs bliken dat dit net slagge is dan hearre wy dit graach fan jo.

Jild

Automatysk ynlûken

Automatyske ynkasso is de maklikste manier om te beteljen. Jo hoege dan sels neat te dwaan; wy skriuwe it jild automatysk fan jo rekken ôf. Boppedat betelje jo net yn ien kear, mar ferspraat oer it jier (maksimaal 10 terminen). Jo kinne dit regelje troch ús in machtiging te jaan.

De automatyske ynkasso fynt plak op eltse lêste dei fan de moanne. Soargje derfoar dat der dan genôch jild op jo rekken stiet.

Wannear de ynkasso twa kear mislearret dan komt dizze te ferfallen. Dat kin bygelyks barre om't der op it momint fan ôfskriuwen net genôch jild op de rekken stie of om't jo de automatyske ynkasso sels weromhelje. It iepensteande bedrach moat op dat momint foar de lêste ferfaldatum betelle wêze (of as dizze al ferrûn is per direkt).

Ferlitte jo de gemeente? Dan wurdt de ynkasso automatysk stopset as de oanslach folslein betelle is of nei it yntsen fan de lêste termyn.

Betellingsregeling

Wolle jo gjin automatyske ynkasso? Freegje dan in betellingsregeling oan. Let hjirby wol op dat dizze minder terminen hat. Jo moatte dan sels eltse moanne it bedrach oermakke.

Jo kinne in betellingsregeling oanfreegje by it team ynwinning fan de gemeente fia (0512) 386 222 of invordering@owo-gemeenten.nl.

Hoe wurket it?

Oft jo in betellingsregeling krije, hinget ôf fan jo finansjele situaasje. Dy bepaalt ek hoe't de betellingsregeling derút sjocht en ûnder hokker betingsten jo de regeling krije. Jo krije allinnich in betellingsregeling as jo de gemeentlike belestingen no net betelje kinne, mar letter wol.

Kinne jo de gemeentlike belestingen net betelje fanwegen jo ynkommen? Dan hawwe jo miskien rjocht op kwytskelding. Lês hjir mear ynformaasje oer kwytskelding.

Faak stelde fragen oer it beteljen fan de belestingaanslach

  • Kin ik mei automatyske ynkasso betelje?

Ja dat kin, folje hjirfoar it formulier 'Automatyske ynkasso oanfreegje, wizigje of stopje' yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje'). Hawwe jo gjin beskikking oer DigiD? Dan kinne jo it formulier ophelje by it Publykssintrum. Is dit beslist net mooglik? Dan kinne wy it formulier ek tastjoere.

  • Ik wol graach myn oanslach mei automatyske ynkasso yn ien kear betelje, kin dat?

Ja dat kin, mar net fia automatyske ynkasso. Jo moatte dan sels it bedrach yn ien kear oermeitsje nei it bankrekkennûmer NL51 BNGH 0285163043 t.n.f. de gemeente Opsterlân. Ferjit net it oanslachnûmer te fermelden. It saldo is dan € 0,00, wy hawwe dan neat mear te ynkassearjen. Jo meie de machtiging ynlûke of stean litte foar de folgjende oanslach. Miskien wolle jo dan wol wer yn terminen betelje.

  • Ik wol in automatyske ynkasso oanfreegje, wizigje of stopje, kin dat?

Ja dat kin, folje hjirfoar it formulier 'Automatyske ynkasso oanfreegje, wizigje of stopje' yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje'). Hawwe jo gjin beskikking oer DigiD? Dan kinne jo it formulier ophelje by it Publykssintrum. Is dit beslist net mooglik? Dan kinne wy it formulier ek tastjoere.

As jo jo machtiging stopsette, jildt in koartere betellingstermyn, jo moatte sels it oanslachbedrach binnen 3 moannen nei de oanslach foldwaan foar 31 maaie. By ynkasso is de lêste ferfaldatum 31 desimber.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân