Besite ambassadeur Oekraïne
Moandei 8 desimber ûntfange de Provinsje Fryslân en de gemeente Opsterlân de ambassadeur fan Oekraïne yn it Keninkryk fan de Nederlannen, S.E. Andriy Kostin. De besite stiet yn it teken fan it fersterkjen fan de ûnderlinge relaasjes, kennisútwikseling en de humanitêre ynset út Fryslân wei foar Oekraïne.
Untfangst yn it Provinsjehûs
De ambassadeur wurdt moarns ûntfongen yn it Provinsjehûs yn Ljouwert. Dêr sprekt hy mei kommissaris fan de Kening Arno Brok, deputearre Friso Douwstra en wethâlder Rob Jonkman (Opsterlân).
Besite oan Opsterlân
Yn Beetsterzwaag wurdt de ambassadeur ûntfongen troch boargemaster Andries Bouwman en de oare leden fan it kolleezje. Oanslutend folget in petear mei ûnder oare de delegaasje fan de Oekraynske gemeente Nedryhailiv (regio Sumy), dy't in wike op besite is yn Opsterlân. It programma yn Beetsterzwaag wurdt ôfsletten mei in foardracht fan gemeentedichter Adri de Boer.
Humanitêre ynset yn Fryslân
Under de besite makket de ambassadeur kennis mei ferskate lokale organisaasjes en frijwilligers dy't har al jierren ynsette foar help oan Oekraïne. Under harren binne Oksana en Pavlo Osypenko, Oekraynske ynwenners fan Opsterlân dy't meardere ynsammelingsaksjes en transporten fan helpguod organisearre hawwe.
Dêrneist moetet de ambassadeur fertsjintwurdigers fan Hope4Ukraine en bringt hy middeis in besite oan de Fryske Riders yn Haulerwyk. Dizze frijwilligersorganisaasje groeide sûnt 2022 út ta ien fan de grutste humanitêre helpinisjativen fan Nederlân, mei regelmjittige transporten nei sikehûzen, weeshûzen en troffen mienskippen yn Oekraïne.
