Bysûndere bystân
Hawwe jo bysûndere, mar needsaaklike kosten dy't jo net sels betelje kinne? Dan kinne jo bysûndere bystân oanfreegje. Oft jo in bydrage krije, hinget ôf fan jo ynkommen, fermogen en oft der oare fergoedings mooglik binne. It is ek mooglik dat jo in liening krije.
Betingsten
Jo komme mooglik yn oanmerking foar in bysûndere bystân as:
- jo in leech ynkommen en net folle fermogen hawwe;
- jo kosten needsaaklik binne;
- jo kosten ûntstien binne troch bysûndere omstannichheden;
- jo gjin rjocht hawwe op in oare útkearing;
- jo de kosten net foarkomme koene en jo der net foar reservearje (sparje) koene;
- de kosten ferbûn binne oan Nederlân.
Jo kinne gjin bysûndere bystân oanfreegje foar normale kosten lykas deistige boadskippen en hier.
Oanfraach
Daliks regelje
Binne jo bystânsrjochtige en hawwe jo in leech ynkommen? Folje dan it formulier 'Oanfraach bysûndere bystân, bystânsrjochtigen' yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje'). Mooglik komme jo yn oanmerking foar in bysûndere bystân.
Hawwe jo in leech ynkommen en binne jo net-bystânsrjochtige? Folje dan it formulier 'Oanfraach bysûndere bystân, net-bystânsrjochtigen' yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje'). Mooglik komme jo yn oanmerking foar in bysûndere bystân.
Tips
Sjoch ek ris op www.antwoordopbijstand.nl.

