Blommen foar nije Nederlanners
Foar 23 ynwenners fan Opsterlân wie woansdei 24 septimber in bysûndere dei. Sy meie harren fan no ôf Nederlanner of steatsboarger fan Nederlân neame. Boargemaster Andries Bouwman naam harren by in feestlike gearkomste yn it Lycklamahûs yn Beetsterzwaag de Ferklearring fan Ferbûnens ôf.
De boargemaster winske elkenien in protte gelok en in moaie takomst yn Opsterlân ta. Hy moedige elkenien oan om him oan te sluten by it ferieningslibben yn de doarpen dêr't sy wenje.

