Boukavels bedriuweterreinen
Binne jo op syk nei in bedriuwslokaasje dy't goed berikber is? En fine jo in hege kwaliteit fan wenjen en libjen wichtich? Dan is Opsterlân in treflike kar as fêstigingsgemeente. Opsterlân leit oan de wichtige ferkearsieren A7 (Saandam – Dútske grins) en de N381 (Drachten – Emmen).
Hawwe jo ûndernimmersfragen of fragen oer grûnferkeap?
Jo kinne telâne by it Servicepunt Undernimmers.

De Gordyk Tolbaas
Bedriuweterrein Tolbaas leit yn De Gordyk en slút oan op bedriuweterrein Overtoom. It bedriuweterrein Tolbaas biedt romte foar kombinearre wenjen en wurkjen.
Mear ynformaasje fine jo hjir:
Keurmerk Feilich Undernimme
It KVO foar bedriuweterreinen (KVO-B) is in lanlik strukturearre oanpak om kriminaliteit en oerlêst werom te kringen. De ûndernimmersferienings, de gemeente Opsterlân, de plysje, de brânwacht en MKB-Nederlân sette harren mei-inoar yn foar feilige bedriuweterreinen yn Opsterlân. Wolle jo mear witte oer KVO-B nim dan kontakt op mei it Servicepunt ûndernimmers.
