Boukavels Oerterp
Yn Ureterp binne yn útwreidingsplan De Hege Kamp boukavels te keap foar frijsteande, twa-ûnder-ien-kap en rige wenten. Ureterp is ien fan de gruttere doarpen yn Opsterlân, lizzend neist de grutte kearn Drachten mei alle foarsjennings en by de A7, A32 en N381.
Ferkeapproseduere
De gemeente Opsterlân hantearret in ferkeapproseduere om derfoar te soargjen dat belangstellenden foar in boukavel gelikense kânsen krije. Dit betsjut dat de gemeente op de webside en periodyk yn de Sa! de ferkeap fan frije boukavels oankundiget. Ynskriuwing kin fia it oanfraachformulier. Dizze meie jo maile nei grûnferkeap@opsterland.nl.
By meardere gadinghawwers wurdt der troch de notaris in lotting ferrjochte. De proseduere stiet as bylage op de webside.
Beskikbere boukavels
| Kavel | Oerflak | Priis (ynkl. btw) |
|---|---|---|
| Griene Leane 1B | 677 m2 | € 184.950,00 (ferkocht) |
| Wilster 18 | 428 m2 | € 139.950,00 (ferkocht) |
| Griene Leane 1A | 472 m2 | € 150.000,00 (ferkocht) |
Beskikbere boukavels
- Lês foar grondprijzenbrief_2024_definitief.pdf mei ReadSpeaker docReader
- Lês foar Proseduere oangeande de ferlotting fan yndividuele boukavels foar partikulieren mei ReadSpeaker docReader
- Lês foar up_kop_fugelliet.pdf mei ReadSpeaker docReader
- Lês foar Ureterp - Fûgelliet 49 ferkeaptekening ferzje 20-04-2021 mei ReadSpeaker docReader
In dokumint downloade en iepenje
Jo kinne in pdf-bestân iepenje yn ferskate PDF-lêzers, lykas Adobe Reader.
Ynformearje nei jo mooglikheden
Foar mear ynformaasje mailet of bellet jo mei de ôfdieling Grûnferkeap, tillefoan (0512) 386 222 of e-mail grondverkoop@opsterland.nl.
