Boukundich Projektlieder Underwiishúsfesting (36 oeren)
Opsterlân, in prachtige gemeente, dêr't jo njonken de 16 bruisende en karakteristike doarpen
wiidweidige natuer fine. Gerslân, heide, de bekende Sân Wâlden en feangebieten wurde dêr
trochkrúst troch kanalen. Mei de doarpen, pleatslike belangen en ús kollega's soargje wy
derfoar dat Opsterlân in noflike gemeente is om te wenjen, te wurkjen en te ferbliuwen.
Wy ynvestearje yn de kwaliteit fan de eigen organisaasje. In slagfeardige organisaasje dy't docht wat echt
nedich is foar de doarpen, ynwenners, bedriuwen en maatskiplike organisaasjes. Yn Opsterlân wolle wy
graach tegearre mei oaren ús doelen berikke. Dêr't it giet om de soarch foar kwalitatyf goed
ûnderwiis wurkje wy nau gear mei ferskate skoalbestjoeren. De gemeente is ferantwurdlik foar
de oanwêzigens fan foldwaande adekwate ûnderwiiskapasiteit. Skoalbestjoeren binne ferantwurdlik
foar ûnderhâld, de oanpassing en de eksploitaasje fan skoalgebouwen.
Alle lokale ôfspraken, ambysjes en plannen om de ûnderwiishúsfesting hinne wurde opnommen yn
een Integraal Húsfestingsplan Underwiis dat koartlyn op 'e nij fêststeld is foar de perioade 2022
o/m 2035. It plan foarmet in dielde ambysje fan skoalbestjoeren en gemeente om ta útfiering
fan maatregels yn de ûnderwiishúsfesting op koarte, middellange en lange termyn te kommen.
Fuortkommend út dit plan wurde de kommende jierren meardere (grutte) projekten útfierd om de
skoalgebouwen oan te sluten op de aktuele ûnderwiisbehoefte.
Fanwegen dizze ûntwikkeling binne wy foar in perioade fan trije jier op syk nei in
Boukundich Projektlieder Underwiishúsfesting (36 oeren)
Wêrfoar hawwe wy jo nedich?
- Jo binne boutechnysk projektlieder fan de ferskate bouaktiviteiten fuortkommend út it IHP;
- Jo binne bekend mei de ferskate fazen fan boukundige projekten en binne yn steat dizze goed te begelieden, jo toetsje dêrby op kwaliteit en bewekje de fuortgong;
- Sawol yn de ûntwerpfaze as yn it útfieringsproses beoardielje jo boukundige útwurkingen fan it projekt;
- Jo ûnderhâlde op de boulokaasje de kontakten mei de skoallieding en fungearje as linking pin tusken skoalbestjoer, bouwteam en de gemeente;
- Jo soargje foar in goede kommunikaasje, rapportaazje en ôfstimming mei de ferantwurdlike portefúljehâlder oer de fuortgong fan de ferskate projekten;
- Jo advisearje en rapportearje dêr't nedich oan it Kolleezje en de Ried.
Wat freegje wy fan jo?
- In ôfrûne oplieding Boukunde op HBO-nivo;
- Kennis fan en ûnderfining mei metoaden foar projektmjittich wurkjen;
- Jo hawwe kennis fan aktuele regeljouwing, wêrûnder it bouwbeslút;
- Jo hawwe kennis fan ynstallaasjes, oanbestegingsprosedueres en bestektekeningen;
- Jo hawwe minimaal 5 jier ûnderfining yn ferlykbere funksjes, ûnderfining mei boukundige
wurksumheden yn it ûnderwiisfjild is in pré; - Jo binne stressbestindich, praktysk ynsteld en oplossingsrjochte;
- Jo bewarje de rêst en hâlde it oersjoch;
- Jo binne selsstannich wurksum mar ek in teamspiler;
- Jo kinne effektyf en fleksibel omgean mei sawol de wurkflier, it management as it bestjoer, sawol binnen de gemeentlike organisaasje as op de skoallokaasjes dêr't jo wurksum binne.
Wat hawwe wy jo te bieden?
In funksje foar 36 oeren mei folop útdaagjende opdrachten dy't tegearre mei it team ta stân brocht
wurde. Ofhinklik fan oplieding en ûnderfining bedraacht it brutosalaris maksimaal € 5.372,- bruto per
moanne (funksjeskaal 11) by in folslein tsjinstferbân, eksklusyf in IKB fan 17,05%.
Fierdere ynformaasje en proseduere
Foar fierdere ynformaasje oer de ynhâld fan de funksje kinne jo kontakt opnimme mei Oeds Holthuis,
teammanager Untwikkeling Romtlik Domein (06 23360482). Hawwe jo fragen oer de proseduere,
nim dan kontakt op mei Wim van Geel, adviseur P&O (06 83701998). Sollicitaasjes binne wolkom oant en
mei 18 oktober 2022 en kinne jo rjochtsje oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de
gemeente Opsterlân fia de ûndersteande sollisitaasjeknop.
Akkwisysje nei oanlieding fan dizze fakatuere wurdt net op priis steld, de fakatuere diele wol!
Oare fakatures
Sjoch foar alle fakatures op
