Burgernet

Dit is in telefoannetwurk fan ynwenners en meiwurkers fan bedriuwen út de gemeente. De sintralist fan de meldkeamer fan de plysje start in Burgernetaksje op, nei in melding fan bygelyks in ynbraak of mist bern.

Op basis fan in goed sinjalemint krije Burgernetdielnimmers in sprutsen berjocht of in berjocht fia de app. Gewoan fanút de eigen wenning, op strjitte of fanôf it wurkplak. Sa helpe jo direkt by it opspoaren fan bygelyks dieder(s), in auto of in mist bern.

Wêrom Burgernet?

Wenje en libje yn in feilige omjouwing: dat fine jo dochs ek wichtich? De gemeente en plysje wurkje deistich oan de feiligens op strjitte. Yn jo eigen buert kinne jo sels ek in protte dwaan om jo libbensomjouwing noflik te hâlden. In protte minsken dogge dit al: troch in praatsje te meitsjen of troch de eigen strjitte skjin te hâlden. De gemeente en plysje wurkje graach noch better gear mei de bewenners. Dêrom is der Burgernet. Troch jo eagen en earen te brûken, helpe jo direkt jo libbensomjouwing feiliger te meitsjen.

Wannear wurdt Burgernet ynset?

By driuwende saken, wêrby't in dúdlik sinjalemint beskikber is. Tink bygelyks oan:

  • stellerij of ynbraak;
  • trochriderij nei in oanriding;
  • tasjerôf;
  • geweld;
  • mist persoanen.

 

Oanmelde foar Burgernet

Oanmelde kin op twa manieren:

  • Gean nei www.burgernet.nl
  • Download de Burgernetapp (fergees te downloaden yn App-store en Play-store).

Sa kinne jo mei jo smartphone altyd en oeral meihjelpe by it opspoaren fan fertochte of fermiste persoanen. Foar it brûken fan de app makket it net út oft jo wol of gjin dielnimmer binne fan Burgernet. 

Op it momint dat der in Burgernetaksje is yn it gebiet dêr't jo jo op dat stuit fine, krije jo in aksjeberjocht. Mei ynformaasje oer Burgernetaksjes kinne jo skilje mei it fergese alarmnûmer 112. Der wurde gjin lokaasjegegevens fan Burgernetapp-brûkers byholden.

Mear ynformaasje 

Hawwe jo noch fragen? 

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân