Sintraal stimmen telle op freed 7 juny
Alle stimmen dy't op tongersdei 6 juny útbrocht binne, wurde dy jûns noch op partijnivo teld. Op freed 7 juny telle wy de stimmen op kandidaatnivo.
Dat bart fan 9.30 oere ôf by it sintraal stimmen telle yn MFC De Wier yn Oerterp. Dit is in iepenbiere gelegenheid, jo binne fan herte wolkom om del te kommen.
Fêststelle útslach
De útslach wurdt op moandei 10 juny fêststeld troch it gemeentlik stimburo. De sitting is om 10.00 oere yn de riedsseal fan it gemeentehûs. Dizze sitting is iepenbier.
