Kommunikaasjeadviseur mei as spesjalisaasje bestjoerskommunikaasje
Opsterlân leit middenyn it Fryske wâldgebiet en is wat grûngebiet oanbelanget ien fan de grutste gemeenten yn Fryslân. Yn de 16 karakteristike en brûzjende doarpen en it bûtengebiet wenje sa'n 30.000 ynwenners. Bysûnder oan ús gemeente is it lânskip mei bosk, heide, natuergebieten, gerslân, kanalen en feangebieten. Dit lânskip yn kombinaasje mei rêst, romte en goede berikberheid meitsje Opsterlân ta in tige oantreklike wen- en rekreaasjegemeente.
Opsterlân leit by de sneldyk A7 en N381 lâns en is dêrtroch treflik berikber. Grutte plakken lykas Hearrenfean en Drachten binne yn 10 minuten berikber en Grins en Ljouwert binnen 30 minuten.
Binne jo op syk nei in moaie baan foar 28 oant 32 oeren yn 'e wike wêryn't jo in wichtige bydrage leverje oan in duorsum en takomstbestindich Opsterlân? In baan wêryn't jo it ferskil meitsje sille foar ús ynwenners? Wolle jo oaren ynspirearje en derfoar soargje dat ús bestjoer sichtber en benei te kommen is? Ja? Dan binne wy op syk nei jo!
Wy sykje in skerpe, fris tinkende en hertstochtlike
Kommunikaasjeadviseur mei as spesjalisaasje bestjoerskommunikaasje
Wat sille jo dwaan?
As betûfte adviseur bestjoerskommunikaasje spylje jo op 'e tiid yn op de behoeften fan it bestjoer. Dat dogge jo troch te sparren oer de ynhâld en foarm fan de kommunikaasje, te stypjen en de publike opiny te folgjen, sawol yn- as bûtenshûs. Ek hâlde jo it oersjoch oer de projekten, portefúljes en taken dêr't de bestjoerders ferantwurdlik foar binne. Dit alles fanút jo fakgebiet kommunikaasje.
Jo fine proaktyf oplossingen foar harren kommunikaasje-útdagings. Troch media-uterings, de publike opiny en projekten te monitoren, te analysearjen en te ynterpretearjen, komme jo ta in gedegen en helder ûnderboud kommunikaasjeadvys. Jo fertale (komplekse) politike bestjoerlike tema's nei konkrete strategyen en kearnboadskippen.
Fanút it fakgebiet kommunikaasje binne jo de sparringpartner foar de bestjoerders en drage jo mei jo fisy en bewiisde ekspertize by oan de opjeften fanút it koälysjeakkoart. Jo begeliede de bestjoerders by it tarieden fan (media) optredens en tinke jo mei oer effektive manieren om de doelgroep te berikken.
Jo fiere in aktyf kommunikaasje- en parsebelied út, wêrtroch't jo ynwenners, ûndernimmers, kollega's en media fluch en tagonklik ynformearje. Yn foarkommende gefallen binne jo de wurdfierder út namme fan it bestjoer.
Wa binne jo?
Jo binne de sterke en betûfte adviseur dêr't ús bestjoerders en kollega's op bouwe kinne. Jo skerpe, frisse geast en romme blik sette jo mei wille, ek bûten kantoartiden, yn foar in optimaal resultaat. Jo daagje josels en jo kommunikaasjekollega's út om in stap fierder te tinken.
Jo binne bestjoerlik-politike sensitief; jo kinne goed ynskatte of foarsjen hokker politike besluten nommen wurde, hokker maatregels taret wurde en hokker projekten útfierd wurde. Jo passy foar oerheden makket dat jo goed op 'e hichte binne fan de ûntwikkelingen binnen de regionale en lanlike oerheid.
Wêr komme jo telâne?
Yn it nije team Kommunikaasje. Wy soargje derfoar dat jo en jo kollega's in fleanende start meitsje. Wy soargje foar in waarme oerdracht, meitsje jo wiis binnen ús organisaasje en nimme jo mei yn alle rinnende projekten. Jo meitsje op ynformele wize kennis mei it team, jo kollega's en fansels de bestjoerders. Jo binne mear as wolkom en dat fiele jo.
Jo wurkplak kin op meardere plakken wêze: thús, op kantoar of in oare (wurk)plak. Mei de tools dy't wy beskikber stelle wurkje jo hoe en wannear't jo dat wolle. Wy hawwe ien betingst: op tiisdei binne jo yn Beetsterzwaag, dan wurkje wy gear en prate wy by oer wat der spilet.
Wat bringe jo?
- Kennis; jo hawwe in ôfrûne hbo-oplieding op it mêd fan kommunikaasje en binne by yn ús fak, bygelyks troch it lêzen fan blogs, sites, magazines of om't jo kursussen folge hawwe;
- In strategyske blik, dy't trochklinkt yn jo advizen en oanpak, dat blykt ek út jo ûnderfining;
- Wurdfiering, ek tidens krisissituaasjes, fine jo in útdaging dêr't jo mei wille oan wurkje;
- Gearwurkje mei en advisearje fan bestjoerders en kollega-adviseurs is in útdaging dêr't jo bliid fan wurde. Jo witte jo wei te finen yn de politike, bestjoerlike en amtlike ferhâldingen;
- Erfaring mei it advisearjen fan bestjoerders binnen de (lokale) oerheid.
Wat hawwe wy jo te bieden?
- Skaal 10 fan de cao gemeenten. Dan fertsjinje jo maksimaal € 4671,-. Dit bedrach is bruto per moanne by in wurkwike fan 36 oeren;
- In Yndividueel Karbudzjet (IKB) fan 17,05% fan jo brutosalaris. Jo kieze sels wat jo mei dit budzjet dogge. Yn dit budzjet is bygelyks fakânsjejild en de einjiersútkearing opnommen. Ek kinne jo ekstra ferlof keapje en nimme jo diel oan de pensjoenregeling by it ABP;
- In protte romte foar persoanlike ûntwikkeling en it folgjen fan ferskate kursussen en trainingen. Leare fan en mei-inoar stiet by ús foarop: tegearre geane wy foar it bêste resultaat;
- In tydlik wurkkontrakt foar de doer fan 1 jier. As wy in match binne, sette wy dit om nei ûnbepaalde tiid.
Hawwe jo noch fragen?
Skil efkes mei Rudy Klein (teammanager Concernzaken) of stjoer him in appke fia 06-10031653.
Sollicitearje
Sollicitearje op in manier dy't by jo past; dit mei mei in brief en cv, in sollisitaasjefideo of op in oare manier. Wy litte ús graach ferrasse! Jo reaksje is wolkom oant en mei 31 jannewaris 2023 fia sollicitaties@weststellingwerf.nl
Oare fakatures
Sjoch foar alle fakatures op
