Koördinator OWO-Enerzjyburo
De gemeente Opsterlân is op syk nei in:
Koördinator OWO-Enerzjyburo
HBO | € 5.419 | jierkontrakt mei útsjoch op fêst | 32-36 oere | Beetsterzwaach
As koördinator binne jo de spin yn it web yn it OWO-Enerzjyburo. Oprjochte om ynwenners fan de gemeenten Eaststellingwerf, Weststellingwerf en Opsterlân (OWO) te stypjen by it ferduorsumjen fan harren wenning. Binnen it OWO-Enerzjyburo binne sawol frijwilligers as betelle krêften aktyf. Jo binne harren fêste oansprekpunt, hâlde it oersjoch en binne in echte ferbiner. Jo fiele oan wat nedich is en sette de oare yn syn krêft. Sa koördinearje en entûsjasmeare jo de tsientallen frijwillige enerzjycoaches en -fixers. Jo sparje en stimme ôf mei jo kollega's fan belied en drage de fisy fan de trije gemeenten út. Hjirfoar steane jo geregeldwei yn kontakt mei de Duorsumensmanagers fan de trije gemeenten. Jo stypje en coache de fjouwer enerzjyferkenners yn harren wurksumheden en organisearje netwurkgearkomsten.
Koartsein: krije jo enerzjy fan in baan wêryn't elke dei oars is en dêr't jo mei én foar minsken wurkje? Lês dan gau fierder, want dan sykje wy jo!
Wat sille jo dwaan?
Jo soargje derfoar dat de ynwenners yn de trije gemeenten sa goed mooglik holpen wurde by it ferduorsumjen fan harren wenning. Hjirfoar binne jo hét oansprekpunt binnen it OWO-Enerzjyburo foar jo kollega's fan belied, de frijwilligers binnen de trije gemeenten en de enerzjyferkenners. Jo ferbine minsken en inisjativen oaninoar troch yn te fielen wat nedich is en oan te sluten by de oare. Hjirfoar lûke jo deropút, de trije gemeenten yn. Yn kontakt wêze mei al dy ferskillende frijwilligers, enerzjy-inisjativen, wurkgroepen en doarpssteunpunten: dat is wêr't jo as ferbiner en oanfierder enerzjy fan krije.
Jo krêft? It byinoar bringen fan al dy ferskillende partijen.
It OWO-Enerzjyburo is jong en folop yn ûntwikkeling. Jo krije enerzjy fan it oanfieren fan projekten en it trochûntwikkeljen fan in konsept. Hjirfoar binne jo posityf kritysk en sette jo jo liederskipskwaliteiten yn.
Dit biede wy jo
- In ôfwikseljende baan dêr't kontakt mei minsken en inisjativen sintraal stiet.
- Wurkje binnen in lyts, jong team fan enerzjyferkenners, beliedsadviseurs en projektlieders.
- Oantreklike arbeidsbetingsten: in moai salaris neffens skaal 10 fan de cao-gemeenten (maks.
€ 5.419,- bruto per moanne by in folsleine wurkgelegenheid), in Yndividueel Keuze Budzjet (IKB) fan 17,05%), reiskostenfergoeding wen-wurkferkear, in pensjoenregeling fia ABP en koarting op ferskate fersekeringen. - Tydlik kontrakt foar in jier en as it klikt, wurdt dit omset yn in fêst tsjinstferbân.
- Genôch kânsen om te ûntwikkeljen fia opliedingen, kursussen en workshops.
- Romte foar jo ideeën; as jo tinke dat it oars kin steane wy dêrfoar iepen.
- Utsûnderlike wurk-privébalâns; jo krije fan ús in laptop en in mobile telefoan, sadat jo sawol thús as op kantoar wurkje kinne.
- Oandacht foar jo fitale steat; dielname oan ús fitale programma, jierliks meardere aktiviteiten mei de hiele organisaasje en it team.
Wa binne jo?
Wy binne allegear oars en dat is moai. Dat makket dat wy tegearre folle mear berikke as allinnich. Dochs binne der in pear skaaimerken dy't wy sykje. Herkenne jo josels hjiryn?
- Jo wolle eltse dei it ferskil meitsje foar ús ynwenners. Hjirfoar fine jo it gjin probleem om sa no en dan jûns en yn it wykein te wurkjen.
- Jo fiele jo ferantwurdlik foar jo wurk en taken.
- Jo binne organisatoarysk sterk, bewekke de fuortgong en binne in echte oanfierder.
- Jo beskikke oer ynfielingsfermogen en sette de oar yn syn krêft.
- Jo fersteane de Fryske taal.
- Jo binne in entûsjaste, iepen persoanlikheid dy't sels inisjatyf nimt.
- Jo binne sosjaal en hâlde derfan om mei ferskate persoanlikheden te wurkjen.
- Jo beskikke oer liederskipskwaliteiten en binne net bang jo posityf krityske miening te jaan.
- Erfaring binnen de enerzjytransysje is in pré.
Dit binne wy
Eaststellingwerf, Weststellingwerf en Opsterlân: trije plattelânsgemeenten yn Súdeast-Fryslân mei tegearre mear as 80.000 ynwenners, 55 doarpen, mei in ferskaat lânskip en in protte grien. Wy binne ferskillende gemeenten mei ferskillende wurkprosessen en kultueren. Tagelyk binne wy ferlykbere gemeenten en wurkje wy yntinsyf gear. Sa ek op it mêd fan de enerzjy- en waarmtetransysje. Eltse dei sette wy ús yn foar ús minsken en bedriuwen yn ús doarpen. Us motto? It kin wol. En wy leauwe dat it noch better wurdt as jo it tegearre dogge.
Wurkje foar de OWO-gemeenten betsjut wurkje mei entûsjaste en gesellige kollega’s. In goede wurksfear, oan humor gjin gebrek, belangstelling foar elkoar en in high five foar in slimme oplossing. Wy steane iepen foar elkenien. En by ús meie jo wêze wa't jo binne. Jo krije de romte om jo wurk yn te rjochtsjen sa't by jo past. Wy fine jo ûntwikkeling wichtich en drage dêr graach oan by. En wy moedigje jo oan om op aventoer te gean. Wy jouwe jo de romte, pakke jo ‘m?
Hawwe jo fragen?
Lit it witte! Ik bin Tina Hulst en myn telefoannûmer is 06-30975887. Jo meie my fansels ek in WhatsAppberjocht stjoere. Elkoar moetsje en tegearre in bakje kofje drinke kin ek!
Entûsjast wurden?
Lit sjen wa't jo binne en sollisitearje! Wa wit wurdt dit it begjin fan in moai aventoer. Benaderje ús op in manier dy't by jo past. Dit mei mei in brief en cv, in sollisitaasjefideo of op in oare manier. Wy litte ús graach ferrasse! Jo reaksje is wolkom oant en mei 27 july. De sollisitaasjepetearen fine plak op moandeitemiddei 18 augustus en tongersdeitemoarn 21 augustus.