De ynhâld is laden.

Logo gemeente Opsterlân
Logo gemeente Opsterlân

Kultureel erfgoed

It lânskip, bysûndere gebouwen, archeology en it ferline fan de regio meitsje in leefomjouwing unyk. Dit wurdt kultureel erfgoed neamd.

Fan gebouwen oant spoaren yn de boaiem

By kultureel erfgoed wurdt faak tocht oan sichtbere saken, lykas in Ryksmonumint, âlde beam, keunstwurk of histoaryske tún. Dêrneist binne der ûnsichtbere saken dy't ús kultureel erfgoed foarmje. Tink dêrby oan archeology. Meardere generaasjes hawwe spoaren yn de boaiem efterlitten. Foarbylden fan spoaren yn de boaiem binne in bewurke fjoerstien, of bygelyks resten fan in izerjitterij. 

Archeology stiet yn sterke ferbining mei it kultuerlânskip. Kultuerhistoaryske lânskipseleminten binne bygelyks âlde diken, pingo's, midsiuwske tsjerke- en fuotpaden of bygelyks ferkavelingsstruktueren. 

Folksferhalen, taal en rituelen

Der binne ek minder tastbere foarmen fan kultureel erfgoed. Tink dêrby oan folksferhalen, de taal, lieten, rituelen en gewoanten. Dit ‘ymmaterieel erfgoed’ wurdt fan generaasje op generaasje trochjûn. It feroaret stadich en jout de mienskip in gefoel fan identiteit.

Mear ynformaasje

Hawwe jo fragen? 

Nim dan kontakt op mei de ôfdieling Erfgoed