"De ynformaasjefoarsjenning moat folle better"
De stilte en it grien brochten Hans Sleurink en syn Fryske frou 40 jier lyn nei Lippenhuzen. Dêr besykje se sa goed mooglik ‘grien en duorsum’ te libjen. Mar: “De ynformaasjefoarsjenning nei de boarger moat folle better.

De stilte en it grien brochten Hans Sleurink en syn Fryske frou 40 jier lyn nei Lippenhuzen. Dêr besykje se sa goed mooglik ‘grien en duorsum’ te libjen. Mar: “De ynformaasjefoarsjenning nei de boarger moat folle better. It OWO-enerzjyburo yn oprjochting is in goede earste stap.”
De tuskenwoning oan It Feestlân yn Lippenhuzen hat sûnt Sleurink eigner is al ferskate yngrepen ûndergien. It einddoel is om it hûs folslein fan it gas los te keppeljen en sa enerzjysunich libje te kinnen.
Bewust enerzjysuniger libje
,,Wy meitsje ús soargen om it miljeu. Wy sjogge yn ús tún jier nei jier it tal ynsekten ôfnimmen. Oer it algemien operearret de minske ûnbesonnen en habsuchtich foar de natuer oer. Bewustwêzen komt faak pas nei de died. Dêr besykje wy fan te learen. By eardere ferbouwings hawwe wy al in pear stappen set. Neist isolearjende maatregels hawwe wy skakelders tsjin sluipgebrûk pleatst, dûse wy koarter en ite wy minder fleis. Op ferskate manieren besykje wy enerzjysuniger te libjen. Soms is dat lestich, mar úteinlik slagget it wol.’’
Kennis opdwaan
,,Mear as in jier lyn kaam ik yn kontakt mei de pleatslike enerzjycoach Schelte Goinga, dy't my dêrnei yn kontakt brocht mei de gemeentlike enerzjyferkenner Bas Tromp. It gie ús noch net sa bot om besparringstips, mar om kennis. Wy tochten al in skoftke oan in elektryske auto, mar ja, hoe dochst dat? Wat binne de mooglikheden bygelyks mei in laadpeal as jo in tuskenwoning hawwe?"
Waarmtepomp is in enoarm ûnderwerp
“Bas hat ús goed op wei holpen troch in enerzjyadvys foar it hiele hûs út te bringen. Eins is dat de earste stap: ken dyn hûs. Dêr soe mear foarljochting oer wêze moatte. De ynformaasjefoarsjenning moat folle better. It is yn it algemien belang dat wy fan it gas ôf geane en it miljeu beskermje. Dan kinst de ynformaasjefoarsjenning net oerlitte oan merkpartijen, want bedriuwen binne begryplik ferantwurdlik foar it eigen bedriuwsbelang. Wat wit in gewoane boarger no fan waarmtepompen? Dat blykt in enoarm ûnderwerp te wêzen.’’
Goede earste stap
“Fia Bas hawwe wy subsydzje krije kinnen foar it ferfangen fan de ruten en kozijnen oan de foarkant fan it hûs. Dêrneist ynvestearje wy sels tûzenen euro’s foar in krêftiger elektrisiteitsnet yn hûs. Mei de oanpassingen fan dizze simmer is de earste faze ôfrûne. Dêrnei folget úteinlik de waarmtepomp. Dan binne wy klear.” Sleurink neamt bettere ynformaasje foar boargers essinsjeel: “De oanpak fan Opsterlân mei it OWO-enerzjyburo yn oprjochting is in goede stap, mar it giet om it feitlik oanpakken fan in maatskiplik probleem. Dat kin de gemeente fansels net allinnich. Ik soe graach sjen dat de Provinsje Fryslân, tegearre mei de Fryske gemeenten, in Provinsjaal Platfoarm Enerzjytransysje begjint mei goede foarljochting. Lit Fryslân dêrmei no ris de spits ôfbiten yn Nederlân”.



