Digitale belestingsoanslach
Untfange jo as ynwenner fan Opsterlân de gemeentlike belestingsoanslach noch op papier? Dan kinne jo derfoar kieze om oanslaggen digitaal te ûntfangen. Meld jo dêrfoar oan by MijnOverheid, fink de gemeente Opsterlân oan as organisaasje dêr't jo post fan ûntfange wolle en folje jo e-mailadres yn. Jo krije jo belestingsoanslaggen dan tenei fia MijnOverheid en kinne se ek rieplachtsje fia jo persoanlike side Mijn Opsterlân op ús webside (jildt net foar oanslaggen op namme fan bedriuwen).
Daliks regelje

Oanpak
Jo belestingsoanslaggen besjen op 'Mijn Opsterlân'
Gean dan nei de link 'Belestingsoanslaggen' (boppe-oan dizze side ûnder de kop 'Daliks regelje'). Hawwe jo de oanslach op jo namme? Log yn mei jo DigiD fan dejinge dy't de oanslach op namme hat direkt op de persoanlike ynternetside 'Mijn Opsterlân' en klik dêrnei op 'Mijn Belestingen'.
Goed om te witten
'Mijn Opsterlân' toant de belestingsoanslaggen en taksaasjeferslaggen (allinnich by wenningen). It is gjin oersjoch fan efterstallige betellingen. Mear witte oer (achterstallige) betellingen? Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum.
Jo belestingsoanslaggen besjen op MijnOverheid
Jo kinne der ek foar kieze om jo oanslaggen te besjen op MijnOverheid. Gean hjirfoar nei mijn.overheid.nl.
Untfangt jo de oanslaggen noch net digitaal? Meld jo dan oan by MijnOverheid.
Nije ynwenners
Binne jo yn jannewaris of begjin febrewaris fanút in oare gemeente yn Opsterlân kommen te wenjen? Dan is it mooglik dat de oanslach pas letter foar jo klearstiet.
Tips
Dokuminten besjen
Foar it besjen fan guon dokuminten op 'Mijn Opsterland' hawwe jo in PDF reader nedich. Hawwe jo gjin PDF reader? Jo kinne it programma Adobe Acrobat Reader fergees downloade.
