Dit is Opsterlân
De gemeente Opsterlân leit midden yn de Fryske Wâlden yn it súdeasten fan Fryslân. It Opsterlânske lânskip mei bosk, heide, natuergebieten, gerslân, kanalen en feangebieten is unyk yn de regio. Dit lânskip yn kombinaasje mei rêst, romte en in goede berikberheid fia A7 en N381 makket Opsterlân ta in tige oantreklike wen- en rekreaasjegemeente.
In tal feiten op in rige:
- Opsterlân hat 16 doarpen.
- Der wenje sawat 30.000 minsken.
- It grûngebiet is mar leafst 23.000 hektare grut.
- De sneldyk A7 en provinsjale wei N381 doarkruse de gemeente.
- It Hearrenfean en Drachten binne binnen 10 minuten berikber.
- Ljouwert en Grins binne yn 30 minuten berikber.
- It lânskip bestiet út bosk, heide, natuergebieten, gerslân, kanalen en feangebieten.
- De ferfeaningstiid hat in grutte rol spile by it ûntstean fan Opsterlân.
- Yn Opsterlân binne ferskate bedriuweterreinen.
- Opsterlân hat in protte kulturele besjenswurdichheden.
- Jo hawwe yn Opsterlân in protte mooglikheden om te oernachtsjen.
- Opsterlân biedt genôch mooglikheden om te fytsen of te kuierjen.
Promoasjefilm 'It Oare Fryslân'
Wolle jo in yndruk krije fan alles wat Opsterlân en Súdeast-Fryslân te bieden hawwe? Besjoch dan de promoasjefilm fan It Oare Fryslân op YouTube.
