Doarpsspegels 2022

Wat fine de ynwenners fan de gemeente Opsterlân fan harren doarp? 2.790 ynwenners fan de gemeente follen in fragelist yn oer harren wenplak. Mei de útkomsten fan dizze fragenlisten waarden de doarpsspegels ûntwikkele. 

Wat binne Doarpsspegels?

De Doarpsspegels litte sjen wat der libbet yn de doarpen yn Opsterlân. Fiele ynwenners har feilich? Binne se tefreden oer de foarsjennings yn har doarp? Is it dêr noflik wenjen? Dêrneist wurdt omtinken jûn oan de befolkingstsjinstelling, sûnens, de fysike omjouwing en de relaasje mei de gemeente.

Doarpsspegels

Resultaten per doarp

Binne jo benijd nei de resultaten fan jo doarp? Klik op de ûndersteande dokuminten om de doarpsspegel wer te jaan.

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje en fragen oer de eftergrûn fan it doarpsbelied en de doarpsspegels Opsterlân kinne jo kontakt opnimme mei frou Hiemstra, Beliedsadviseur Doarpen fan de gemeente Opsterlân. 

Nim hjirfoar kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân