Doarpsstipepunt Fryske Peallen

Jo kinne by it doarpsstipepunt terjochte foar help en tydlike stipe. Bygelyks as it (tydlik) net slagget om sels boadskippen te dwaan of de hûn út te litten. Of as jo lestige formulieren ynfolje moatte of in ferfierprobleem hawwe. Hawwe jo ferlet fan in harkjend ear, in kuier of in gesellich praatsje? Ek dêrfoar binne jo wolkom by it doarpsstipepunt. 

Sa wurket it doarpssteunpunt:

In doarpsstipepunt helpt ynwenners mei fragen of problemen op alderhande gebieten. Jo fragen wurde altyd fertroulik behannele. Wy sykje earst nei in oplossing binnen it doarp, mei help fan frijwilligers. Is dat net mooglik of is profesjonele help nedich? Dan ferwize wy jo troch nei it Gebietsteam of in oare ynstelling.

Fryske Peallen hat op dit stuit gjin doarpsstipepunt. Jo kinne hjir mei jo fragen terjochte by it pleatslik belang fia pb.frieschepalen@gmail.com 

Doarpsstipepunt Fryske Peallen

Foarbylden fan fragen oan it doarpssteunpunt:

  • Ik haw muoite mei formulieren. Is der immen dy't my helpe kin?
  • Ik wol graach sa no en dan mei immen prate, fytse of kuierje. Mei wa kin ik dat dwaan?
  • Wêr kin ik terjochte mei fragen oer it alkohol- en drugsgebrûk fan myn pubearjende tiener?
  • Ik bin nij yn it doarp en wol graach earne by oanslute. Wat is der allegear te dwaan?
  • Troch sykte of âlderdom kin ik myn túnwurk net mear dwaan. Wa kin my helpe?
  • Ik kin net mei it iepenbier ferfier, mar wol dochs myn famylje besykje. Wat is der mooglik?
  • Ik haw tydlik in rolstoel nedich. Wêr kin ik dy krije?
  • Ik begryp de faktuer foar 'eigen bydrage' net. Wa kin my helpe?
  • Hoe krij ik thússoarch as ik dat nedich haw? 

Hawwe jo fragen dy't in profesjoneel beäntwurdzje moat? 

Dan kinne jo ek direkt kontakt opnimme mei it Gebietsteam.

Kontakt mei it Gebietsteam

Hannen dy't inoar fêsthâlde.