Doarpssteunpunt Wynjewâlde
Wynjewâlde hat, krekt as de measte doarpen yn Opsterlân, in doarpssteunpunt. Jo kinne by it doarpssteunpunt telâne foar help en tydlike stipe. Bygelyks as it (tydlik) net slagget om sels boadskippen te dwaan of de hûn út te litten. Of as jo lestige formulieren ynfolje moatte of in ferfierprobleem hawwe. Hawwe jo ferlet fan in harkjend ear, in kuier of in gesellich praatsje? Ek dêrfoar binne jo wolkom by it doarpssteunpunt.
Sa wurket it doarpssteunpunt:
It doarpssteunpunt Wynjewâlde is in wurkgroep dy't falt ûnder Pleatslik Belang Wynjewâlde. Der is geregeld kontakt mei it Gebietsteam fan de gemeente. It doarpssteunpunt helpt ynwenners mei fragen of problemen op alderhanne gebieten. Jo fragen wurde altyd fertroulik behannele. Wy sykje earst nei in oplossing binnen it doarp, mei help fan frijwilligers. Is dat net mooglik of is profesjonele help nedich? Dan ferwize wy jo troch nei it Gebietsteam of in oare ynstelling.

Foarbylden fan fragen oan it doarpssteunpunt:
- Ik haw muoite mei formulieren. Is der immen dy't my helpe kin?
- Ik wol graach sa no en dan mei immen prate, fytse of kuierje. Mei wa kin ik dat dwaan?
- Wêr kin ik terjochte mei fragen oer it alkohol- en drugsgebrûk fan myn pubearjende tiener?
- Ik bin nij yn it doarp en wol graach earne by oanslute. Wat is der allegear te dwaan?
- Troch sykte of âlderdom kin ik myn túnwurk net mear dwaan. Wa kin my helpe?
- Ik kin net mei it iepenbier ferfier, mar wol dochs myn famylje besykje. Wat is der mooglik?
- Ik haw tydlik in rolstoel nedich. Wêr kin ik dy krije?
- Ik begryp de faktuer foar 'eigen bydrage' net. Wa kin my helpe?
- Hoe krij ik thússoarch as ik dat nedich haw?
Jo ynformaasje- en kontaktpunt foar moeting en advys
- fragen oer it doarp
- aktiviteiten
- helpmiddels
- thússorg
- wenningoanpassing
- lytse putsjes
Hawwe jo fragen? Nim dan gerêst kontakt op mei:
- Alie Blaauwbroek op telefoannûmer: 06 12 41 08 97
- Martsje Seefat op telefoannûmer: 06 51 05 86 45
Jo kinne jo fraach ek stelle fia e-mail: dspwijnjewoude@gmail.com
Hawwe jo fragen dy't in profesjoneel beäntwurdzje moat?
Dan kinne jo ek direkt kontakt opnimme mei it Gebietsteam.
