Drachten-Azeven
Op ekonomysk mêd wurkje de gemeenten Opsterlân en Smellingerlân gear. It bedriuweterrein Drachten-Azeven is dêr in resultaat fan.
Dit bedriuwenterrein leit strategysk oan Rykswei A7 op it krúspunt mei de N31 (Wâldwei). Bedriuwepark Drachten-Azeven Súd leit op it grûngebiet fan de gemeente Opsterlân. Dêr kinne jo medium- en hightech produksjebedriuwen, gruthannel, transport- en distribúsjebedriuwen fine. De kavelgrutte ferskilt fan 5000 m2 oant 5 ha. Bedriuwepark Azeven-Noard leit op it grûngebiet fan Smellingerlân. Eksploitaasje fan it bedriuwepark is yn hannen fan Eksploitaasjemaatskippij Bedriuwepark Drachten-Azeven; in gearwurkingsferbân tusken Smellingerlân en Opsterlân.
Wolle jo mear witte oer bedriuwepark Azeven-Súd of hawwe jo ynteresse yn in kavel? Nim dan kontakt op mei it team Ekonomyske Saken, telefoan (0512) 386 235, e-mail economischezaken@opsterland.nl.
