Drank- en hoarekafergunning
Wolle jo as ûndernimmer alkohol ferstrekke of skinke? Dan hawwe jo in drank- en hoarekafergunning nedich. Jo krije dizze fergunning as jo oan in tal easken foldogge. Dit jildt ek foar parakommersjele ynstellings dy't alkohol skinke. Bygelyks sportkantines, wykgebouwen, klubhuzen, en tsjerken mei in feestseal.
Drank- en hoarekafergunning
Ynmiddels is de Drank- en Hoarekawet per 1 july 2021 ferfongen troch de Alkoholwet.
Op grûn fan de Alkoholwet is it ferbean om sûnder fergunning of ûntheffing alkohol te ferstrekken.
- As jo alkohol skinke yn in hoarekabedriuw of alkohol ferkeapje yn in slijtersbedriuw, dan hawwe jo op grûn fan artikel 3 fan de Alkoholwet in alkoholfergunning nedich fan de boargemaster. Dit jildt sawol foar kommersjele ynrjochtings (kafees, restaurants en soksoarte) as foar saneamde parakommersjele ynrjochtings (doarpshuzen, fuotbalkantines en soksoarte)
- As jo alkohol skinke wolle tidens in evenemint, dan kin de boargemaster dêrfoar ûntheffing ferliene op grûn fan artikel 35 fan de Alkoholwet.
Gjin fergunning nedich
Yn guon gefallen is der gjin fergunning nedich.
- Yn in winkel dêr't benammen libbensmiddels of tabak en oanbesibbe artikels of útslutend swak-alkoholhâldende dranken al dan net tegearre mei alkoholfrije dranken ferkocht wurde. Bygelyks in supermerk en libbensmiddelwinkel.
- Yn in warenhûs mei in libbensmiddelôfdieling, mei in flieroerflak fan teminsten 15 m², dêr't in ferskaat oan ferpakte en ûnferpakte itenwaren ferkocht wurdt.
- Yn in foar it publyk tagonklike besletten romte, dêr't benammen iten foar gebrûk op it plak sels en earne oars as op it plak sels ferkocht wurdt, net in horekagelegenheid. Tink dêrby oan produkten dy't yn in hannelspakket opnommen binne en dy't bedoeld binne foar ferkeap oan klanten (bygelyks by in traiteur)
Jo meie yn de saak gjin alkohol priuwe litte.
Hoe wurket it?
- De oanfraach om ûntheffing foar it ferstrekken fan alkohol by in evenemint kinne jo tagelyk dwaan mei de oanfraach foar de evenemintefergunning.
- It oanfreegjen fan in alkoholvergunning, op grûn fan artikel 3 fan de Alkoholwet, freget mear omtinken.
- Jo moatte dan oan ferskate easken foldwaan (lykas teminsten 21 jier âld wêze en yn it besit wêze fan in SVH - sertifikaat Sosjale Hygiëne ).
- Ofhinklik fan wêrfoar't de oanfraach dien wurdt, moatte ek dokuminten en/of bewizen oanlevere wurde.
- Underdiel fan de proseduere foar in alkoholvergunning is it opfreegjen fan ynformaasje by de Sintrale Justisjele Tsjinst en de plysje.
- Dêrnjonken moatte jo – yn kommersjele gefallen – formulieren ynfolje oangeande in BIBOB-ûndersyk. Dit is in previntyf bestjoersrjochtlik ynstrumint foar oerheden om foar te kommen dat in fergunning misbrûkt wurdt.
Sjoen de aard en omfang fan de oanfragen foar in alkoholvergunning (op grûn fan artikel 3 fan de Alkoholwet) riede wy jo dan ek oan om kontakt op te nimmen mei de ôfdieling OWO-VTH om mear ynformaasje oer dit ûnderwerp te krijen.
Wat kostet it?
Foar de aktuele tariven kinne jo de Legesferoardering fan de gemeente Opsterlân rieplachtsje.
Oanfraach dwaan
Wolle jo in oanfraach dwaan of hawwe jo fragen?
Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum
